Mear promoasje foar Fryske Bussen en Treinen

SNITS -  Bewenners fan it Fryske plattelân binne dizze wike troch de Provinsje Fryslân mei de aksje ‘Bûtenút Foarút’ oantrúnd ideeën yn te tsjinjen wêrmei it persoaneferfier better wurdt. FNP Súdwest-Fryslân fynt dat in goede saak mar is noch net tefreden. ,,Der kin folle mear út it Iepenbier Ferfier helle wurde, minsken krije net foldwaande reis-ynformaasje oer de bus en trein”, seit listlûker Durk Stoker. ,,De promoasje en ynformaasje moat better, it is skande dat bussen en de trein betiden heal fol troch de provinsje ride”.

De FNP freget hjir sneon 8 maart oandacht foar troch mei de knalgiele ‘Gaasterland Express Skoalbus’ in route troch de Súdwesthoeke te riden. Iepenbier ferfier is de skeakel tusken wenjen, wurk en skoalle. Boppedat reizgje ynwenners fan de Súdwesthoeke alle dagen nei harren wurk, skoallen of soarch yn de gruttere kearnen Boalsert, Snits en Ljouwert. Mear minsken yn de bus en trein betsjut ek minder files en parkearproblemen. Elkenien is sneon wolkom yn de FNP - bus, der is dan ék oandacht foar feilige diken en fytspaden, goed ûnderwiis, soarch tichtby, behâld foarsjenningen etc. Stoker: ,,It giet oer alles wêr wy ús as grutste Lokale Partij mei dwaande hâlde”.