Sterkste man fan de Wrâld bringt stimmers nei Lytste Stimlokaal Nederlân

Idzegea - De sterkste man fan de wrâld en listtriuwer by FNP Súdwest-Fryslân, Wout Zijlstra,hat sneontemoarn yn Idzegea in wein fol stimmers en takomstige stimmers nei it ‘Lytste Stimlokaal fan Nederlân’ brocht.

FNP deputearre, en ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân, Johannes Kramer spruts it wolkomswurd en die in oprop om foaral woansdei 19 maart te stimmen. Oanslutend winske listlûker Durk Stoker fan Koudum ‘dat de opkomst by de ferkiezings boppe de 70% komt’. It stimburo dat it tichstby is, op De Gaastmar, helle yn 2010 mar leafst 72,35%, ‘sy jouwe it goede foarbyld’ sei Stoker. Johannes Kramer en FNP kandidaat riedslid Douwe Blom fan Drylts, brochten as earsten harren stim út, dy gie sûnder diskusje en ienstimmich nei de FNP. Lokale Partijen hawwe hyltiid mear de sympaty fan de kiezers. Stoker: ,,De FNP is der, as grutste Lokale Partij yn Fryslân, klear foar. Wy sizze net foar niks ‘FNP. Midden yn de Mienskip’".