Fiif wurden nominearre foar ferkiezing moaiste Fryske wurd 2013

LJOUWERT - Gnúfkamera, mienskipsstipe, prûmdrug, relyswiler en rútstalling binne de fiif wurden dy't nominearre binne foar de ferkiezing moaiste Fryske wurd 2013. De sjuery makket op freed 14 febrewaris yn Tresoar bekend hokker wurd wint.

94 persoanen hawwe meidien oan de wedstriid foar it moaiste Fryske wurd fan 2013, útskreaun troch de Ried fan de Fryske Beweging yn gearwurking mei de Fryske Akademy en Tresoar. Dat binne oardel kear safolle ynstjoerings as in jier earder. De bedoeling wie om út in list fan 12 Nederlânske wurden dy’t yn 2013 yn ’t nijs wiene, in moaie Fryske oersetting te meitsjen. De sjuery, besteande út Truus de Vries, Hindrik Sijens en Wieke de Haan, hat socht nei orizjinaliteit, gebrûkswearde, begryplikens en Fryskens. Boppedat moast it nije Fryske wurd safolle mooglik de lading dekke. De betsjutting fan de wurden: gnúfkamera (‘gluurcamera’) , mienskipsstipe (‘crowdfunding’), prûmdrug (‘kauwdrug’), relyswiler (‘sprokkelgelovige’) en rútstalling (‘windowdressing’).