Doarpskrante De Pinfisker fan Parregea wint priis bêste Frysktalige stik

SNITS In anekdoate oer de sniewinter fan 1979 is it bêste Frysktalige stik fan ’e doarps-, wyk- en stedskranten fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân yn it ôfrûne jier. De anekdoate is skreaun troch Ida van den Berg fan doarpskrante ‘De Pinfisker’ út Parregea. It stik ‘Koade read, 39 jier lyn’ is útkeazen út 29 ynstjoeringen.

De earste priis, in sjek mei in bedrach fan 300 euro, waard útrikt troch wethâlder Stella van Gent. De útrikking wie yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. In symboalysk plak, om’t Japicx in soad foar de Fryske skriuwtaal betsjut hat.

De twadde priis (200 euro) gie nei Diggelfjoer út Wommels foar de tekst ‘De profylfoto fan Klaas in grut sukses’, skreaun troch Pieta Zijlstra, en de tredde priis (100 euro) gie nei Diggelfjoer út Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum foar de tekst ‘Hoe is it no mei...’, skreaun troch Watse Zeinstra.

It is de tredde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêste Fryske stik yn ’e

doarps-, wyk- en stedskranten útset hat. Wethâlder Van Gent is tige wiis mei it tal ynstjoeringen. Ferline jier hat de gemeente ûndersyk dien nei wat de ynwenners wolle oangeande it Frysk. Ut dat ûndersyk kaam ûnder oaren nei foaren dat elk, al of net Frysktalich, wol dat it Frysk oer hûndert jier noch bestiet. “Doarpskranteredaksjes spylje dêr in belangrike rol yn”, seit Van Gent. “Sy meitsje it Frysk sichtber yn ús gemeente en dat makket harren ta ambassadeurs fan ’e Fryske taal.”

Yn totaal hat de gemeente 29 Frysktalige teksten krigen, fan njoggen doarpskranten. Foar dit jier wurdt de priisfraach ek wer útset. Van Gent: “It is moai om te sjen dat hieltyd mear redaksjes oan ’e priisfraach meidogge.”

De sjuery hat de ynstjoeringen beoardiele op lêsberens, aktualiteit, mar ek kreativiteit en fansels it brûken fan ’e Fryske taal. Sjueryfoarsitter Douwe Blom wie ûnder de yndruk fan ’e ynstjoeringen, sawol fan ’e kwaliteit fan it Frysk as de ynhâld fan ’e ferhalen. “Je krije fuort ek in glimke mei fan wat libbet yn al dy doarpen”, seit Blom, dy’t riedslid foar de FNP is yn Súdwest-Fryslân. Njonken Blom bestie de sjuery út Jantine Weidenaar (sjoernalist by Omrop Fryslân) en Paul van Dijk (skriuwer).