FNP Súdwest-Fryslân wol mear foarljochting oer houtkachels

SNITS - FNP riedslid Tsjerk Bouwhuis hat út namme fan de FNP fraksje fragen steld oan it Kolleezje oer it belied rûnom houtkachels. ,,As je net witte dat je oerlêst besoargje, kin je der ek gjin rekken mei hâlde”.

It giet hjirby net om in ferbod, mar om foarljochting op it gebiet fan it gebrûk fan iepen hurden en houtkachels en de skealike effekten hjirfan. FNP SWF wol ynwenners oan it tinken sette en freget it Kolleezje om dit te dwaan.

Bouwhuis: ,,Dat yn 2014 de gemeenteried yn it ramt fan minder regels besletten hat ‘Overlast door houtrook' út de APV te heljen wol fansels net sizze dat der gjin oerlêst mear ûnderfûn wurdt”.

Oerlêst fan houtstook is wol deeglik it gefal. Der wurdt oerlêst ûnderfûn yn de foarm fan sûnensklachten en geurhinder.

Alle houtkachels en iepen hurden produsearje likefolle fynstof as al it ferkear yn Nederlân. En dan is de iepen hurd de minst effektive en meast skealike foarm fan it ferwaarmje fan it hûs. Want by dizze foarm komt in soad fynstof daliks yn de keamer telâne. Elke kilo hout yn de iepen hurd stjit like folle fynstof út as in frachtautorit fan 580 km. Boarne: www.stookwijzer.nu