Sneon kloklieders aktyf yn Blauhús

BLAUHUS - Tsien kloklieders komme sneon 19 jannewaris middeis ien oere yn aksje yn de tsjerke fan Blauhús.

Rûnom yn e provinsje de tsjerkeklokken wer let as symboalyske iepening fan de aksje Kerkbalans. Yn Blauhús hawwe harren mar leafst tsien kloklieders oanmelden, wêrûnder Sanne (8), Tialda (6) en de betûfte kloklieders fan Greonterp en Wjelsryp.

Gast-kloklieder Barteld Post (15) fan Wjelsryp hat al hiel wat Fryske tsjerkeklokken let en filme: ,,De measten wurkje tsjinwurdich elektrysk, mar yn Blauhús moatte we sneon yn e touwen, gewéldich”!

John Weel, koster fan de monumintale Blauhúster Sint Vitustsjerke, fertelt sneon earst wat oer de symbolyk fan kloklieden.

Bygelyks, wêrom de iene kear mei ien klok en in oare kear mei trije klokken lieden wurdt.

Nei in lytse demontraasje, litte de tsien frijwilligers in heal oere lang harren keunsten oer Blauhús en omkriten galmje.