Burgemeester roemt initiatieven

SNEEK - Burgemeester Jannewietske de Vries sprak donderdag 3 januari tijdens de nieuwjaarsreceptie van gemeente Súdwest-Fryslân haar waardering uit voor de vele burgerinitiatieven.

De verse burgemeester noemde onder meer Heeg als voorbeeld. ,,Harren dream foar it doarp is om selsfoarsjenjend te wurden. En dat pakke de Hegemers mei sa’n enerzjy, dynamyk en faasje op. Tal fan wurkgroepen hâlde harren dwaande mei: de grienfoarsjenning, duorsume enerzjy, tagonklikheid, ferfier. Prachtich om te sjen hoe’t hieltyd mear minsken dêrby belutsen binne en wurde. Of Sibrandabuorren, Gau en Tersoal. Dêr binne de minsken echt út harren ‘comfort zone’ stapt doe’t de skoallen dêr te lyts waarden. Yn stee fan ’e barrikaden op om foar elk plak fêst te hâlden oan ’e eigen skoalle, hawwe sy de koppen byinoar stutsen om mei-inoar te soargjen foar in goede ûnderwiisfoarsjenning yn ’e buert. Sy litte in fear foar it gruttere gehiel, foar de mienskip. Dat is te priizgjen en in prachtich foarbyld fan hoe’t it ek kin.”

Ook noemde De Vries At The Watergate als een voorbeeld van een mooi initiatief. De burgemeester wil dit in 2019 voortzetten en daarmee de gemeente nog meer op de kaart zetten. ,,Grut doare te tinken en tagelyk in hiel soad lytse stappen sette. Ik wol dêr yn 2019 in belangrike ambassadeur foar wêze; ek op provinsjaal en ryksnivo.” Naast de initiatieven gaf De Vries ook aan dat zij wil dat iedere inwoner van de gemeente zich gehoord moet voelen. ,,It is oan ’e gemeente om derfoar te soargjen dat safolle mooglik minsken harren heard fiele.

Ik wol dan ek ús riedsleden en ús meiwurkers op it hert drukke dat sy harren fuotten stevich yn ’e klaai of op it fean sette en witte wat der spilet yn ’e hiele gemeente. Dat is in belangrike opjefte yn in grutte gemeente dy’t oeral tichteby wêze wol. Mearderheden en minderheden ferbine. Dy útdaging gean ik graach mei jim oan”, aldus De Vries.

De burgemeester stelde dat ook zij er alles aan gaat doen om de mensen te leren kennen en aan te horen. ,,Sels sil ik ek net sitten bliuwe op myn keamer yn Snits. Ik wol rûnom op ’en paad wêze yn ’e gemeente. It hiele jier troch. Mar ek mei dizze nijjiersresepsje. Dy is fan no ôf alle jierren yn in oare ‘village’ (doarp of stêd). Graach hear ik dit jier yn hokker plak dat wêze moat yn 2020 en wêrom. En wa wit fier ik it nije jier dan mei jo.”