Eelke Lok mei Sjoernalistyk hat himsels opdoekt yn Balk

Balk - Eelke Lok komt tiisdei 31 oktober nei Balk foar in lêzing. Dit sil barre nei de jiergearkomste van het NUT Gaasterlân- Sleat . De lêzing begjint om 20.30 oere en fynt plak yn de grutte seal fan de Treemter.

De lêzing giet oer dat de sjoernalistiek sa’t de sjoernalist dy leard hat, hielendal ferlern gien is. En dan krijt men dat de mienskip no net oars reagearret as: dat ha we dochs lêzen of sjoen, dus is it sa. En sa krije saken dy’t net of heal wier binne in eigen libben. It sil dúdlik wêze dat wy ús dêr soargen oer meitsje moatte. Want wy moatte bygelyks stimme of kieze. En hoe wit we no wêr’t it gelyk leit. Eelke Lok sil hjirby ynspylje op de problemen/swierrichheden dy’t op dat momint yn de wrâld spylje.