Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn de FK

Scharnegoutum - Mei de yntree fan de Fryslân Kup binne der al in soad moaie partijen ferspile en ûnferwachte útslaggen ta stân kommen. Moandeitejûn spilen fjouwer Strikers thús yn Skearnegoutum foar de Kup. De partij dêr’t de spilers it langste oer dienen, wie dy tusken Bauke Bos en Marten Walinga. Fergelykber mei in bekerwedstriid tusken Spakenburch en Feijenoord. De rapen binne fansels dan goed gear as Spakenburch wint. Sa ek mei de bewuste dampartij tusken in earste klas spiler en in topper út de eareklasse. Bauke Bos kaam as in winner út it striidperk.

Dat de Fryslân Kup wat ekstra’s jout oan it damjen, is sa stadichoan wol dúdlik. It bringt wat ekstra libben yn de brouwerij. Sa wie dat moandeitejûn ek. Fjouwer moaie partijen mei as dy iene útsjitter. In protte totospilers, nei alle gedachten allegearre, sille de útslach fan dizze partij ferkeard ynfolle ha. Bauke Bos sels ek. Hy hie net rekkene op dit stik bûter yn de brij. De partij gie aardich lyk op, mar sa’n bytsje by it begjin fan it echte einspul, makke marten in grouwélige flater. Sels hie er it fuort yn de de gaten, doe’t er syn houtsje út de lange hoeke skode. De omstanners seagen inoar freegjend oan. Hoe kin er dat no dwaan? Bauke seach it net, hy hie der totaal gjin rekken mei holden dat Walinga sa nei de barebysjes gean koe. Hy die dan ek in oare streek. Ek goed dêr net fan, mar ja it hie út wêze kinnen. Likegoed gie Bauke ûnfersteurber troch mei it spul, wylst er hearde dat it oars kinnen hie. Hy liet him net fan de wize bringe en doe’t er yn de einfaze noch in kear de kâns krige om ta te slaan, die er dat op in foar Marten deadlike wize. De lokwinsken stroffelen hast oerinoar hinne yn de bar fan it Swettehûs. Wat net ien ferwachte, waard werklikheid. Der waard fansels ek noch foar de kompetysje damme. Ien opfallend ding wie dat de froulju it op ‘t heden net hâlde kinne tsjin de manlju yn de twadde klasse. Hennie koe it net oprêde tsjin Sjoerd Huitema en Tineke joech Paul ek te min partij. Willem Schaap spile tsjin twa: Bauke de Boer en Sjoerd Jan Bakker. De earste wûn er en yn de twadde wie Bakker úteinlik de sterkste. Bauke Dykstra en Ype Boelens ha der net sa lang oer dien om de partij ta de ein te bringen. Ype is in bytsje oer syn hichtepunt hinne sa liket it wol. No al in pear kear fersjocht er him raar. Dat wie moandei ek it gefal. Utslaggen: Sjoerd Huitema – Tineke Teigeler 1 – 0: Paul Borghaerts – Hennie de Haan 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 1 – 0; bauke de Boer – Willem Schaap 0 – 1; Bauke Dykstra – Ype Boelens 1 – 0; Fryslân Kup:  Sietse de Jong – Jelle Wiersma 0 – 1; Dicky van der Meer – Siebe Walinga 0 – 1; Cor Kooistra – Jurjen Frankena 1 – 0; Bauke Bos – Marten Walinga 1 – 0.