Bern fan 'De Legeaen' lizze natoergebiet oan by skoalle

SIBRANDABUORREN Op 26 en 28 april wie der, bij moaie waarsomstannichheden, flink aksje bij de nije skoalle yn Sibrandabuorren.

Yn groepkes fan fiif, mei help fan de âlders en meiwurkers fan 'Donker Groen Sneek', gong de jeugd oan de slach. Der binne mar leafst 400 beammen en planten troch de bern fan mienskipsskoalle 'De Legeaen' yn Sibrandabuorren yn 'e grûn setten. It plein is omtovere yn in moai lyts natoergebiet.

Dêr't yn de lêste winter de bern noch mei slydsjes fan de heuvels glieden, stiet it no fol mei bloeiende beammen en struken.