Pjutte-opfang ‘Hummeltsjeshonk’ yn Skearnegoutum behellet op ‘e nij sertifikaat foar twatalich wurkjen

SKEARNEGOUTUM Pjutte-opfang Hummeltsjeshonk yn Skearnegoutum wurket al sûnt 2007 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen.

Yn it ferline hawwe sy dêr in sertifikaat foar behelle. Elke trije jier wurdt op ‘e nij besjoen oft der noch altyd neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied wurke wurdt. By Hummeltsjeshonk wie dat wer sa en sy hawwe it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ op ‘e nij foar trije jier fertsjinne.

Hummeltsjeshonk en twatalichheid

Pjutte-opfang Hummeltsjeshonk is ûnderdiel fan de organisaasje Thuis-bij-Thea. Dy organisaasje fersoarget ûnder oaren berne- en pjutte-opfang yn Súdwest-Fryslân en hat ek in lokaasje yn Dokkum. Op acht fan har lokaasjes wurdt wurke mei in twatalich belied.

It Hummeltsjeshonk is fêstige yn CBS Op ‘e Hichte. Der is in goede gearwurking tusken de skoalle en de pjutte-opfang. In pear kear per jier wurde der mienskiplike aktiviteiten dien. It twatalich belied sjocht der op dizze lokaasje as folget út: Marjan praat altyd Frysk en Pauline Nederlânsk. Frijwillichster Anita praat ek Frysk. Foar beide talen is omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen en it foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en eventueel meardere talen leare.

Rapport

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Hummeltsjeshonk west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. De kommisje skriuwt yn har rapport ûnder oaren: ‘Jimme lieten fan ‘e moarn in goed en trochtocht aktiviteiten programma sjen, wêr’t de tema-begripen yn werom kamen yn ferskate ferwurkingsfoarmen; yn ‘e rûnte, it nifeljen en de ferskes. Ik ha mei nocht in part fan de moarn meimakke. Pjutteplak Hummeltsjeshonk hat de wersertifisearring rom helle, fan herte lokwinske!’

By it sertifisearringstrajekt krijt Hummeltsjeshonk begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd