Hooplik bliuwe de Strikers neagatyf en damje se posityf

It is wat yn ‘e wrâld mei al dy koroana ynfeksjes. Fansels gie it dêr ferline wike op de earste jûn fan de Stadige Strikers ek oer. De Strikers sille de maatregels sa’t dy der steld binne yn acht nimme. Dat kin net oars. Op dy earste jûn ha de Strikers ek de einútslach fan de kompetysje fierd troch de priiswinners te huldigjen en harren de prizen te oerhannichjen. It bestjoer wie fan betinken dat de stân sa as dy by it ferplicht stopjen fan de kompetysje wie, as einstân te beskôgjen. De nije kampioen waard good old Sjoerd Jan Bakker. Like lang lid as dat de klup bestiet. Fierders hoopje de Strikers fansels dat se de kommende tiid negatyf bliuwe sille, mar dat se fierders in posityf damskoft te mjitte gean sille.

Moandeitejûn 28 septimber wie de twadde jûn. Der waard fuortendaliks damme fansels. Wol op oardel meter ôfstân fan elkoar. Sels de kofje of tee ophelje en mear fan dizze regels wêr’t men wat oan wenne moat, mar wat fierders ek gjin swierrichheden jout. Elkenien ferheuge him of har derop om wer te skowen. Foar Hennie de Haan gie dat noch net troch. De weromkommer nei safolle jier, Willem Jan Nieuwenhuizen, mocht de nûmers sizze foar de earste rûnte en doe waard Hennie keppele oan Jelle Wiersma. Hennie waard suver wat bleek om ‘e noas en se damme leaver mar net. Eins hie se in steand nûmer, mar Jelle woe wol tsjin twa tagelyk. Hennie gie dochs leaver mar nei hûs. De oare tolve setten mei in protte moed út ein.

Heit en soan Castelein wienen eins net oan it damjen ta kommen sa seinen se, mar de oare leden tinke dat se wakker oan it oefenjen west ha. It duorre net iens sa lang dat heit Jan mei in soad leven en kabaal fjouwer fan Tineke Teigeler har skoandere houtsjes fan it boerd sloech. De partij wie doe eins spile. Fansels spinpoate Tineke noch wol wat tsjin, mar der wie foar har gjin salve mear oan te striken. Nei dy partij spilen se noch ferskate potsjes fiif tsjin fiif. Kees Castelein moast it opnimme tsjin Willem Jan. It waard syn earste dampotsje yn it Swettehûs. De beide mannen makken der in moaie pot fan, mar Willem Jan moast syn kennis fan it damjen wol fan hiel djip wer op poetse. Uteinlik moast er yn Kees syn meardere erkenne. No tinke de Strikers, de omsitters, dat dy beide Casteleinen wol deeglik alle jûnen suver achter it boerd sitten ha fan ‘e simmer. De nije kampioen liet sjen dat er net foar neat de hâlder is fan de heechste titel. Hy hie Willem Schaap by it ear en gyng sa al mei op reis nei syn folgjende kampioensbeker. De tiid sil it leare.

Einútslach 2019 – 2020. Earste klasse: 1 en kampioen Sjoerd Jan Bakker 10 út 13; 2 Willem Schaap 9½ - 15; 3 Bauke Dykstra 9 – 14; 4 Cor Kooistra 8½ - 13; 5 Jelle Wiersma 8 -13; 7 Dicky van der Meer 7 – 12; 8 Ype Boelens 5½ - 14. Twadde klasse: 1 en promovendus Sjoerd Huitema 7 – 12; 2 Hennie de Haan 7 -14; 3 Bauke Bos 7 – 16; 4 Tineke Teigeler 6 -15; 5 Hester Boelens 2½ -8; 6 Kees Castelein 2 – 10; 7 Jan Castelein 1½ - 11; 8 Jan de Jager 0 -1.

Ik wist it net mear

Boppesteande útspraak waard in wike letter dien troch ien fan de Stadige Strikers. Hy krige te meitsjen mei de teory fan in partij dy’t er ferline jier ek spile hie. Sterker noch dy partij spile er tsjin deselde tsjinstanner as moandeitejûn. Hy begûn wol goed, mar doe nei in oantal streken wist er it net rjucht mear. Syn tsjinstanner wist it noch wol. It giet hjer oer Sjoerd Huitema, dy’t it net mear wist en Dicky van der Meer. No is it net sa frjemd dat yn it begjin fan it seizoen men sizze heart: Ik wist it net mear.

Der binne fan dy dammers, dy’t nei sa’n simmer efter it boerd sitten geane en alle setten en streken noch likegoed witte as in healjier lyn. Sokken kinne jo nachts wekker meitsje en se rattelje samar de iene teory nei de oare derút. De measte oaren moatte der alle jierren wer wat ynkomme. Dan sjogge se thús earst nochris de setten even nei. Of se spylje wat partijen nei. No is it hjoed-de-dei fansels ek tige de gewoante om de hiele simmer op ynternet troch te damjen en dan hoege jo der net mear yn te kommen. Sokken binne altiten paraat en kapabel. Ien dy’t de simmer net trochbringt efter it boerd of it damskermke moat der earst wer wat ynkomme.

Dat Dicky van der Meer de partij wûn, wie nei it ôfwiken fan de teory troch Huitema, net botte ferwûnderlik. Wol ferwûnderlik wie dat Willem Jan Nieuwenhuizen hiel sterk siet te damjen. It is al in moaie hoart lyn, dat er it lêste potsje skode. Hy moast it opnimme tsjin Ype Boelens, dy’t ferline wike it net oprêde koe om Bauke Bos te ferslaan. Fan Ype dy’t út de heechste klasse weikukele is, waard ferwachte dat er op slofkes kampioen fan de twadde klasse wurde soe. Ien ferliespartij kin noch hinne bruie, mar moandei moast er eins al winne. No dat gie net sa mar, sterker noch tsjin weryntreder Willem Jan kaam er yn it middenspul in houtsje efter en doe die al gau bliken dat it wolris swier kealje koe om der noch in winnend resultaat út te heljen. Willem Jan wie op syniepenst want sa sei er: “Ferline wike die ik in streek en doe’t ik dy strutsen hie, tocht ik: ferdoarje dy kin ommers net. Dat woe my hjoed net wer oerkomme!” Men kin wol begripe dat hy skerp siet te tinken en hy jûch dan ek gjin krimp en wûn it spul.

Wûnen de heit en soan Castelein ferline wike beide, no setten se beide mei in dikke nul nei hûs. Tineke pakte yn de twastriid tusken de froulju de punt fan Hennie en Willem Schaap ferlear ek syn twadde partij. Oer alle spullen is noch in hiel ferhaal oan op te hingjen, mar de lêzers moatte it fierders mar mei de útslaggen dwaan.

Utslaggen: Kees Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Bos – Jan Castelein 1 – 0; Sjoerd Huitema – Dicky van der Meer 0 – 1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1; Ype Boelens – Willem Jan Nieuwenhuizen 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 0 – 1.