Tonielferiening ’De Twa Doarpen’ op syk nei âld-spylers

TERSOAL - De 75-jier besteande Tonielferiening ’De Twa Doarpen’ yn Tersoal en Sibrandabuorren is op syk nei âld-spilers foar in soparte fan reüny.

Yn it teken fan 75 jier tonielferiening en 75 jier VRIJHEID bringt de Twa Doarpen op 13,15,16 en 17 maaie yn Doarpshûs de Tuolle yn Tersoal.it stik “ALLO-ALLO” op de planken.

De feriening is op syk nei âld spylers dy’t foar 2000 by de feriening meispyle hawwe, of op in oare manier,wat mei de tonielferiening hawn hawwe, fertelt Lolke Wijtsma. ,,Wy wolle harren útnoegje om op tongersdei 14 maaie wer byelkoar te kommen,foar in soarte rëuny.Mar it probleem is wy witte wol nammen,mar witte net wer as sy wenje en hoe wy har berikke kinne.

Derom hjirby de oprop,binne jo ien fan de âld spylers,of kinne jimme nog minsken,lit it ús dan witte foar 1 april.It giet om adressen, tillefoan of mailadres. Dat kin per mail nei: lolke.wijtsma@kpnplanet.nl of skilje mei: 0515521621 of 0653817432