Strampel flechtet einekuorren

SNITS - De Strampel, de Fryske Feriening fan Einekoerflechters, hâldt op sneon 22 febrewaris fan 10.00 oant 16.00 oere in beurs yn doarpshûs ‘De Trilker’ te Poppenwier. Tagong frij

Der is in grut ferskaat oan typen en modellen kuorren, sa binne der klaai-, wetterlân-, Trynwâldster -, wylgetiennen - en toukuorren. Op de beurs is te sjen hoe’t de kuorren makke wurde en wat der mear makke wurde kin fan reid. Der kinne ek kuorren kocht wurde.

‘De Strampel’ telt sa’n 100 leden, dy’t har ynsette foar it behâld fan de tradysje fan it koerflechtsjen. Elk jier dogge se in oantal kuorren kado oan in soarchynstelling of in bernebuorkerij. Dit jier is Nij Ylostins yn Drylts de lokkige.