'De Trochsetters' spilet ’Yn ‘e Keetring’

BALK - Toanielselskip 'De Trochsetters' spilet freed 7 en sneon 8 febrewaris fan 8 oere ôf in de Treemter yn Balk it blijspul ‘Yn ‘e Keetring‘.

De tûke tillefoan, sa as de ’smartphone’ yn geef Frysk hjit, spilet in grutte rol in de foarstelling fol hilaryske taferielen en moaie geef Fryske siswizen en wurden. It toanielstik is in klucht en skreaun troch Ton Elsgeest. Hy hat it toanielstik fantastysk yn elkoar set. Hy lit sa no en dan efkes sjen hoe mâl as wy en de jeugd fan tsjintwurdich it eins dogge mei dy tillefoan en sit d’r in boadskip yn oer foaroardielen.

De Fryske oersetting fan it stik is fan Abele Krist. De namme “Yn ‘e Keetring” seit al in soad oer it stik en de setting sels. It stik spilet yn’e keuken fan de rike famylje Laarmans. Paul en Constance Laarmans, spile troch Titus Veldman en Siska Lubach jouwe in feestje en hawwe d’r in pleatslike keteraar foar ynhierd.

‘De Trochsetters’ fantaseare d’r altiid in bytsje ekstra by. En musiktechnikus Jeroen van Casteren wit d’r altiid wol in mouw oan te pasjen. Margré Deinum hat de rezjy en hat probearre de toanielspilers wat yn ‘e stokken te hâlden en d’r in gehiel fan te meitsjen. It is har ek dit jier wer knap slagge mei help fan de ynsteksters Paulien Dooper en Tineke Homma.