’As de froutsjes fan hûs binne’

EASTHIM - Toanielferiening op Triljende skonken spilte freed 24 om 20.00 oere en sneon 25 jannewaris om 14.00 en 20.00 oere yn doarpshús it Himsterhús te Easthim it komysk toanielstik ’As de froutsjes fan hûs binne’.

Yn it stik gean Loes (Gerbrich de Vries) en Ester (Marry Dijkstra) der foar in pear dagen op út en hat Frank (Klaas Wijbrandi) alle tiid foar syn blind-date Cora (Frida Tekstra). Se sil in dei as wat by him útfanhúzje. Mar it giet net allegear sa as Frank him foarsteld hie. De ien nei de oar rint de doar by him plat.

Kees (Sytze Stellingwerf) syn buorman hat de froulju fuortgean sjoen en wol Frank in pear dagen mei him op syn boat ha. Hat hy syn buorman der út, komt syn heit Maarten (Hessel Willem Velthuis) lâns en dy hat ek plannen om by him te bliuwen mei syn freondinne Willemien (Anja Witteveen). Tinkt Frank alles yn kannen en krúken te hawwen komme Loes en Ester wer nei hús om’t der in úngelok wie en dat koe wol lang duorje foar se fierder koenen.