De Foarstelling troch Fryske amateurtoaniel

SNITS - De Foarstelling, de jubileumfoarstelling fan it 100 jier besteande organisearre amateurtoaniel yn Fryslân, wurdt op 15 septimber spile yn Theater Snits.

De tapaslike namme ferwiist nei de ynhâld; oan de hân fan werkenbere situaasjes en emoasjes wurdt yn in muzikale toanielfoarstelling in byld jûn fan it meitsjen fan in foarstelling. Wa’t ferwachtet de wiidweidige skiednis fan it Fryske amateurtoaniel werom te sjen op it toaniel, kriget hiel wat oars te sjen. De Foarstelling is in bûnt selsportret fan en troch it Fryske amateurtoaniel mei humor, prachtige ferskes, in krityske noat en de nedige selsspot . Boppedat is De Foarstelling net allinne geskikt foar amateurtoanielspilers, mar ek foar it publyk, dat graach nei toaniel giet.

Yn 2018 bestie de Stichting Amateurtoaniel Fryslân(STAF) 100 jier, mar fanwege it drokke Kulturele Haadstêd jier, waard foar de jubileumfoarstelling útwykt nei dit jier.

Under lieding fan regisseur Tineke Broers (Burgum) en muzikaal lieder Tseard Nauta (Baard) kaam De Foarstelling yn mear as oardel jier ta stân. Ynformaasjejûnen, harsenskrab-sesjes, lêsrepetysjes ensafuorthinne giene oan it skriuwproses foarôf. Skriuwers Geert Hager, Tseard Nauta, Tineke Broers en Greetje Klaren basearren de lietsjes en sênes op ferhalen en opmerkings fan amateurtoanielspilers en karmasters út Fryslân. Der waard moannenlang repeteard yn in loads yn Nij Beets.

Sa ûntstie in foarstelling mei in grut ferskaat oan sênes en lietsjes, mei it proses fan it kommen ta in toanielfoarstelling as reade tried. It dekôr is makke troch Jaap Groen (De Sweach) en bestiet út stuollen, ferskillend yn grutte en hichte. Eftergrûn derfoar is dat by de measte toanielrepetysjes yn it begjin de stoel brûkt wurdt as ‘stand-in’ foar alle meubels, doarren en dekorstikken dy’t letter yn de foarstelling brûkt wurde.

De live band bestiet út Tseard Nauta, Jan Zeldenrust en Thys Wadman.

De kostúms binne betocht en makke troch Outfit Toneelkleding (Carla Busscher) fan Burgum en de kap en grime wurdt fersoarge ûnder lieding fan Anna Doornbos (Drylts). De technyk is yn hannen fan Diamond Sound Systems (De Jouwer), produksjelieding Francien Bolhuis (Frentsjer).