Berne-opfang Thuis bij Thea Wâldsein twatalich

WÂLDSEIN - Berne-opfang Thuis bij Thea yn Wâldsein hat it sertifikaat foar twatalich wurkjen behelle.

De ôfrûne twa jier ha de pedagogysk meiwurkers fan berne-opfang Thuis bij Thea fan Wâldsein wurke oan it beheljen fan it sertifikaat “boartsjendewei in taal derby”. Om dit sertifikaat te beheljen moat je as berne-opfang foldwaan oan in oantal rjochtlinen wêrmei’t de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern stimulearre wurdt. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne.

It twatalich belied sjocht der yn Wâlsdsein as folget út: In oantal pedagogysk meiwurkers prate konsekwint Frysk tsjin alle bern, in oantal oaren brûke it Nederlânsk. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare. Ek yn it aktiviteitenoanbod komme beide talen goed oan bod.

Der hat fan’t maityd in saneamde fisitaasjekommisje west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Yn it ferslach skriuwt de kommisje ûnder oaren: 'De meiwurkers steane iepen foar de ynbring fan de bern en slute dêr mei har oanbod op oan mei boartlike en learsume yntervinsjes. Sa besykje se de bern út te nûgjen ta praten en it keazen taalbelied kaam goed út ‘e ferve en op alle mooglike manieren ha wy sjen kinnen hoe ’t jim de taalûntjouwing fan de bern besykje te fergrutsjen.”

Berne-opfang Thuis bij Thea yn Wâldsein is te finen oan de Kleasterwei 2 en binne 5 dagen yn ‘e wike iepen. Der wurdt fleksibele opfang oanbean. Foar mear ynformaasje kinne jim maile nei info@thuis-bij-thea.nl of telefonysk kontakt opnimme op nr 0515856926.