De Stryksters yn it midspunt fan de belangstelling

SKEARNEGOUTUM

Der wienen fan’e wike spullen by de Stadige Strikers yn Skearnegoutum, dy’t eins de namme spul net ta kamen. Dy spullen rekken út foar’t der eins sprutsen wurde koe fan in spul. Twa fan dy partijen waarden troch de earste klassers fan de Strikers spile. Doe ferpleatste de belangstelling har mear nei de beide froulju. Sa sieten dy sa mar yn it midspunt fan de belangstelling.

No sieten der ek noch twa manlju te striden foar in plakje yn de twadde ronde foar de Fryslân Kup. Stadige Strikers Bauke Dykstra moast yn dy partij it opnimme tsjin Sybren Dyk fan Jorwert. De mannen spilen in deeglike pot en besleaten de partij ôf mei kamp. Doe moast der fierder spile wurde yn de fariant Frysk. Dat is fiif tsjin fiif houtsjes. Eins is it in soartemint fan einspul. Dat like ek wer op kamp út te draaien, mar úteinlik luts Dykstra oan it langste ein.

Undertusken sieten Bauke Bos en Hennie de Haan harren spul út te fjochtsjen. Fjochtsjen fansels yn de goeie sin fan it wurd. Dy striid hie ek de nedige oandacht fan it omsittend en omrinnend laach. Guon koenen har mar amper bedimje. Sy woenen de setten wol graach foarsizze. Soks kin fansels net. Men seit gau wat te folle. In opmerking as: “It stiet der mar moai op!” kin al in seintsje wêze, dat de spilers tinke: “Der koe wol wat yn sitte”. Nee de omstanners moatte har stil hâlde en neat sizze. It einspul tusken Hennie en Bauke wie it moaiste. Guon spilers dy’t dit soarte fan einspultsjes wol hast dreame kinne, seagen mei niget nei de streken en dan yn it bysûnder nei dy fan Hennie. Dy hie twa kear in definitive streek sette kinnen, mar dat die se net. Se wist op dat momint net de streken, dy’t de oaren wol wisten. By eintsjebeslút makke se der kamp fan. Dat wie mar goed ek, want guon seagen al apen en bearen foar Hennie opdaagjen. Gelokkich koe Hennie dy bisten fan har ôfslaan.

By de oare dame gyng dat hiel oars. Tineke Teigeler en Sjoerd Huitema joegen inoar net folle ta. Sy rekken wat let oan it striken, om’t se earst hiel sportyf de twa jonge leden it spultsje besochten oan te learen. Doe’t der fjouwer earste klassers gau út wienen, namen dy harren taken oer. Yn de einfaze koe Tineke net foarkomme dat Sjoerd twa houtsjes foar kaam. Twa, mar dat bliek mar tiidlik te wêzen. Yn de opfolgjende set pakte Tineke wer in houtsje werom. Dochs like Sjoerd doe likegoed noch wol op roazen te sitten, mar dat pakte dochs oars út. It waard ien daam tsjin ien daam en in houtsje foar Huitema. Dat houtsje moast der troch om ta daam te promovearjen. Dat moast Tineke keare. Der moat sein wurde, dat Tineke dat prima oan pakte. Sy wist krekt wer se stean moast. Dat jout de boarger moed. In moai kampke.

Utslaggen: Bauke de Boer – Paul Borghaerts 0 – 1; Willem Schaap – Dicky van der Meer 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Cornelis Kooistra 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Bos ½ - ½; Sjoerd Huitema – Tineke Teigeler ½ - ½. Fryslân Kup: Bauke Dykstra – Sybren Dyk ½ - ½ en 1 – 0.