De kampioen lit him fan syn goeie kant sjen

SKEARNEGOUTUM

De titel boppe dit stik soe ynhâlde kinne, dat de kampioen fan de Stadige Strikers, Jelle Wiersma, ek in ferkearde kant hat. No dêr is op de damklup neat fan te merken. Moandeitjûn liet er him wol fan in tige sportive kant sjen.

Hy siet te damjen tsjin syn grutte rivaal Willem Schaap. As dy beide mannen tsjin inoar spylje, dan stiet harren partij meastentiids garant foar in prachtich en yngewikkeld spul. Dat wie moandeitejûn net oars. Foar in hurddraver, ien dy’t it fierders net achtslacht, like de stân mear op in bosk woartels as op in fatsoenlik potsje damjen. Dat bosk woartels koste Willem in protte tiid om der noch wat fan te meitsjen. Hy kaam der wûnderbaarlik goed út. Earst helle er in daam. Dy moast er wer ynleverje, mar hy bleau wol in houtsje foar. In houtsje foar en in wiffe stân en hast gjin tiid mear.

Gjin tiid dat binne de Strikers wol fan Willem wend. Diskear koe it hast net goed komme. Yn syn lêste twa minuten hie er noch gau tsien setten dien. Yn tuskentiid wie Jelle wer lyk kommen. Beide mannen hienen elk noch twa houtsjes. Jelle hie noch fjirtich minuten en Willem noch tolve sekonden. De stân wie sadanich dat der by foldwaande tiid in moaie kamp útrôlje soe. Op dat stuit liet Jelle him fan syn sportive kant sjen en bea kamp oan. Willem naam dat graach oan en de omsitters wienen it der tige mei iens. Dizze prachtige partij fertsjinne eins gjin winner.

Twa eks-kampioenen hienen harren jûn net. Sjoerd Jan Bakker joech Bauke Bos de hân, wylst der ek nochwol kamp ynsitten hie. Dat dearde Bauke net. Hy wie wakker optein mei syn twa punten. Sûnt er tsjin de lettere wrâldkampioen wûn, hat er wol mear fan dy útsjitters. Om earlik te wêzen hat er útsjitters nei boppen, mar ek nei ûnderen. De oare âld-kampioen, Cor Kooistra hie Ype Boelens nei de njoggende set de hân wol jaan kinnen. Hy avesearre nammentlik in houtsje op in plak wêrtroch er finaal fêst kaam te sitten. Ype soarge der wol foar dat syn tsjinstanner gjin helptroepen oanfiere koe. Kooistra hat noch wol wat omgriemd, mar der wie wier gjin salve mear oan te striken.

Utslaggen fan ferline wike: Bauke de Boer – Tineke Teigeler 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der Meer 1 – 0; Willem Schaap – Ype Boelens ½ - ½; Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0. Ofrûne moandei: Willem Schaap – Jelle Wiersma ½ - ½; Cor Kooistra – Ype Boelens 0 – 1; Tineke Teigeler – Sjoerd Huitema 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Bos 0 – 2; Bauke de Boer – Hennie de Haan 1 – 0.