Hast 96-jierrige nestor rôlet hast it hiele bestjoer op

SKEARNEGOUTUM

It is gewoan in wûnder dat ín man fan hast seis-en-njoggentich jier noch dammet as in jongkeardel.Wy witte net wat him sa skerp hâldt. Tsjintwurdich sjocht men hiel faak nei de fieding as men it ien en oar ferklearje wol. Neffens ús mei de man alles wol en spuit er ek net yn in gleske mei wat sterkers. Dus oan in spesjaal dieet kin it net lizze, dat er noch sa skrander is. Mooglik leit it oan syn gymnastykoefeningen dy’t er geregeldwei docht. Fysyk sjocht er der ek noch prima út. It sil der wol op del komme dat syn skerpe geast wennet yn in sûn lichem.

No woe it gefal dat de man, Bauke de Boer sa hjit er, alle trije jûnen in bestjoerslid tsjinoer him sitten hie as tsjinstanner. Op de earste jûn koe siktaris Bauke Bos him net fan de winst ôf hâlde en in wike letter moast omkesizzer en ponghâlder Ype Boelens ek al oan it koarste ein lûke. Ôfrûne moandeitejûn mocht er it yn syn twadde partij fan de jûn, earst hie er al ôfrekkene mei syn sjaufeuze Hennie de Haan, opnimme tsjin foarsitter Cor Kooistra.

No dat seach er nei in streek as tsien foar Kooistra florisant út. De Boer fleach yn in teoryset en kaam in houtsje efter, boppedat moast er ek tsjin in fijannige daam oansjen. Dochs liet De Boer him net kenne en spile sterk troch. Dat koe men net fan Kooistra sizze. Ik ken de persoan goed en hy sil fêst it ferrin fan de teoryset thús noch ris troch sjoen ha. Doe hat er mooglik tocht: “Stom!”

It ferrin fan it spul wie oars wol geweldich. En dan geweldich slacht foaral op De Boer. Hy seach de moaiste setten. Kooistra moast sels in needset dwaan om in daam tsjin foar te kommen. Nei dy needstreek hie De Boer noch mear yn petto. Nei’t de foarsitter mei syn daam in houtsje op slach setten hie, helle de nestor der in fantastyske kombinaasjeset út. Ien wêr’t de foarsitter fan skrok. De stân dêrnei wie doe gelyk. Fjouwer tsjin fjouwer. Kooistra koe der kamp úthelje en dat die er doe mar gau. Hast hie de hast 96-jierrige nestor it hiele bestjoer oprôle.

Utslaggen: Bauke de Boer – Hennie de Haan 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Ype Boelens – Jelle Wiersma 0 – 1; Paul Borghaerts – Bauke Bos 1 – 0; Sjoerd Huitema – Bauke Dykstra 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke de Boer ½ - 1.