Strikers: Trije miggen yn ien klap

SKEARNEGOUTUM

Trije yn ien. Gjin trije-ienheid, nee dat net. Wy moatte de minsken dy’t no in teologyske útiensetting oer de triniteit ferwachtsje teloarstelle. Hoewol dat in hiel ynteressant gegeven is, geane wy no fierder mei trije damjûnen yn ien ferslach.

Twa wike lyn kamen de Stadige Strikers foar it earst wer by-inoar. It waard in tige gesellige jûn. In fleurige boel. It wie sa as it de lêste jierren it gefal is: begjin septimber krigen wy op de app fan Tineke de fraach wannear wy hast wer ris begjinne soenen. It bestjoer appte werom: Op de 24ste. Sa let wie de reaksje. Ja sa let. Ien fan ús leden kaam lykwols in wike earder foar de tichte doar. Allegearre signalen dat men der sinne oan hie om wer te begjinnen. Alderhande saken waarden op in fleurige wize besprutsen. Dêrnei waard noch efkes foar spek en brea ús moaie sport beoefene.

De earste echte damjûn liigde der net om. Noch hast nea ha yn de histoarje fan de Stadige Strikers de dammers sa stil harren potsjes skood. It gyng der om wei krekt of wie it in kampioenskip. Hiele spannende partijen. Guon ferlearen krekt op de streek. Oaren joegen omraak partij, mar koenen it yn de einfaze krekt net rêde. Koprinner waard Dicky van der Meer troch twa partijen te winnen.

De tredde mich like in protte op de twadde. Der waard wer omraak spile. Hoewol Dicky van der Meer as koprinner oan syn partij tsjin Jelle Wiersma begûn, koe er oan de titel koprinner net in ferfolch jaan. It potsje wie nammentlik ridlik gau út. Dêrom spilen de beide mannen ek fuort it twadde potsje mar. Dat wûn Jelle ek. Hy is no de listoanfierder. Us nestor fan de klup wûn syn twadde spul ek. Ferline wike fan bauke Bos en no fan syn omkesizzer Ype Boelens. Dy lêste partij levere him twa punten op.

Utslaggen 3 – 10: Bauke Dykstra - Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1; Willem Schaap – Sjoerd Huitema 1 – 0; Ype Boelens – Dicky van der Meer 0 – 1; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Bauke Bos – Bauke de Boer 0 – 1; Dicky van der Meer – Tineke Teigeler 1 – 0. 10 – 10: Dicky van der Meer – Jelle Wiersma 0 – 1; Bauke Bos – Bauke Dykstra 0 – 1; Hennie de Haan – Sjoerd Huitema 0 – 1; Bauke de Boer- Ype Boelens 2 – 0; Tineke Yeigeler – Ype Boelens 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0.