Tryater spilet yn húskeamers Drylts en Poppenwier

SNITS

Tryater spilet sneon 13 oktober de húskeamerferzje fan de foarstelling Doarp Europa yn húskeamers yn Drylts en Poppenwier.

Teams fan trije fan de njoggen spilers binne dy sneon om 20.00 oere te gast yn de húskeamers fan Saskia Rosendaal, Uilenburg 18 yn Drylts en by Tine Douma, Bûtenbuorren 10 yn Poppenwier. Der is beheind plak, kaarten binne allinne yn de foarferkeap te keap op www.tryater.nl en 058-2539550 (ti. en to. 14:00-17:00 oere).

Koart nei de húskeamerferzje is de foarstelling Doarp Europa mei spilers Aly Bruinsma, Beppe Costa, Klaus Jürgens, Marjolein Ley, Eva Meijering, Romke Gabe Draaijer, Brecht Wassenaar, Sjoerd Blom en Sonja Zwolska te sjen op op freed 19 oktober by Fisher Edelstaal yn Snits. Kaarten binne te keap fia Theater Sneek: www.theatersneek.nl of 0515-431400.

Dizze meartalige foarstelling makket diel út fan it haadprogramma fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. De húskeamerfoarstellingen en it ferdjippingsprogramma fan Doarp Europa binne mei mooglik makke troch it BankGiro Loterij Fonds.