Prate oer de Takomst fan Tinga

Sneek

Under de titel ‘Op de kofje by’ organisearret FNP Súdwest-Fryslân rûnom yn de gemeente ynrin-jûnen foar ynwenners, ferieningen en ynstellingen. It doel is fan harren te hearen, wat giet goed en wat kin better.

Tiisdei 15 maaie is der jûns 20.00 oere wer ‘Op de kofje by’, ditkear yn Wykgebou De Spil, Molenkrite 169 Snits. FNP gemeente-riedslid Corrie Bergstra: ,,Elkenien is wolkom foar fragen en opmerkingen”.

De FNP folget ûntwikkelingen binnen de gemeente Súdwest-Fryslân aktyf mar heart ek graach fan de ynwenners sels wat der spilet. Hiel aktueel is de  miskommunikaasje mei de gemeente oer de lokaasje foar Wijkvereniging De Spil.

Tinga hat in aktive wykferiening, der binne in protte aktiviteiten en se slane op e trom at it der op oan komt. Tiisdei 15 maaie binne alle bewenners fan Tinga en oare ynwenners fan Súdwest-Fryslân wolkom by de FNP om harren segje te dwaan yn De Spil. 

FNP Súdwest-Fryslân is mei 5 leden goed fertsjinwurdige yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân en is yn alle 89 kearnen fan de grutte gemeente aktyf.


Auteur

redactie