Teater Snits met Sjoen op in distânsje

SNEEK

Toanielselskip Teater Snits spilet freed 6 en sneon 7 april om 20.15 oere de foarstelling Sjoen op in distânsje yn Theater Sneek.

Werkenber binne tema’s as illegaliteit, leafde, ôfgeunst en ferrie yn in komplekse tiid in it stik goet it oer de hurdwurkjende boatwurker Eddy Carbone dy’t syn skoansuster op har stjêrbêd tasein hat de soarch fan dochter Gina op him te nimmen. Hy fettet Tegearre mei syn frou Bea dy taak serieus op. In prachtkoppel mei in grut hert. Dan komme der twa illegale neven by yn hûs ek om te arbeidzjen yn Amerika.

Ien fan dizze neven wurdt fereale op de moaie pleechdochter en dan komt der in ommekear.

Eddy seach foar Ginny in oare takomst, advokaat of by de tillefyzje. Welke heit herkent it dillemma : welke jongfeint is goedgenôch foar myn dochter?

Elke mem sit der tusken yn. De romhertige Eddy feroaret yn in wrokkige brombear. Mei in soad romte foar humor triuwt Arthur Miller dit stik nei grutte hichte. Wa wint dizze striid? Is it te winnen?

Rezjy: Dirk de Vries. Kostûmûntwerpster: Marieke Feenstra. Spilers: Theo Jager, Marieke Flapper, Douwe Hoekstra, Syboutsje v.d.Meer, Klaas Visser, Hendrik Feenstra, Henny Wierda-Nab en Lennard Goronzy.