Lektors Salutem

Skearnegoutum

Ja lêzer jo sjogge it wol. Jo wurde begroete. De Strikers hâlde foar earst wer op mei it damjen. Se ha de put der út. No kinne se har wer op oare saken ta lizze. Moandeitejûn wie de lêste fan dit seizoen. De priiswinners ha de prizen yn ûntfangst nommen. Foar de kas wie der wer in ynstruier troch in ferlotting en sa kaam der wer in ein oan de wenstige saken foar de Stadige Strikers  op moandeitejûn.

Der wiene gjin nijichheden op dy lêste jûn. Sa as it meastal gie, sa gong it no ek. Yn twa groepen waarden damspullen yn in hiel flot tempo en mei in protte nocht ôfraffele. En dat allegearre foar in pear drûge woarsten. Om dy woarsten dêr gie it fansels net om, mar om de wille fan it spultsje.

De priis útrikking is altiten fansels in fêst ûnderdiel. En alle kearen wer ferrassend. Dat komt ek, omdat de kompetysje nea hielendal útkomt.Dat is op himsels wol spitich, mar ja men mist noch wol ris in jûn. Bygelyks foar de Kup, elkenien fynt dat moai, dêr net fan, mar it op tiid út krijen fan de kompetysje wurdt ek dêrtroch wol ris wat in probleem.

Minder partijen damje, soe in oplossing wêze, mar men wol ek net dat de earsten begjin febrewaris út binne mei de kompetysje. Guon kinne ek net altiten fanwegen it wurk. Dus al mei al is de útslach fan de kompetysje net op grûn fan itselde oantal partijen. Soe de kompetysje hielendal útspile wurde dan hiene de rychjes mei nammen yn in hiele oare folchoarder stien. It is net oars.

Groep 2; 1 Bauke Bos 11½ út 19; Sjoerd Huitema 10½ -14; Paul Borghaerts 9 – 10; Bauke de Boer 8 út 19; Hennie de Haan 2 – 14; Tineke Teigeler ½ - 17.

Groep  1: 1  Jelle Wiersma 14½ út  18; 2 Dicky van der Meer 10½ - 13; 3 Cor Kooistra 10 – 18; 4 Willem Schaap 8½ - 14;5 Sjoerd Jan Bakker 8 – 14; 6 Ype Boelens  7½ - 18; 7 Bauke Dykstra 5½ - 15.


Auteur

redactie