As it gien wie sa as it gean moast, dan wienen der trije kampspullen

Skearnegoutum

Yn it Fryske spul komme folle minder faak kamp foar as yn it Hollânske spul. Moandeitejûn like der by de Strikers in útsûndering te ûntstean. Mar leafst 75 persint fan de partijen like yn kamp te einigjen. In bizarre sitewaasje., mar dan moast it fansels wol gean sa as it gean moast.

No yn de earste partij, dy tusken Tineke Teigeler en Bauke Bos, skoden de beide dammers moai nei kamp. Dêr wie gjin spjelde tusken te krijen.Foar Tineke in moaie opstekker, want gewoanwei moat se it ôflizze tsjin Bauke. No dus net en it fielde foar har mooglik wol wat as in oerwinning.

Hennie de Haan koe ek kamp helje. Har tsjinstanner. Paul Borghaerts, tocht in hiel skoft nei. Doe offere er syn twa houtsjes en skode mei it oerbleaune hout in daam. As er sa net hannele hie en fuortendaliks in daam strutsen hie, dan wie er de pineut. Hennie moast doe it puzeltsje oplosse. Sy seach allegearre apen en bearen en tocht al dat al har skoandere hout der ôf feegd wurde soe. Dochs koe it hiel oars, mar dat seach se spitigernôch net. Paul wist it wol. Hy hie him al by in remize dellein. Dat wie it heechst helbere. Hennie seach it net en ferlear it spul.

Bauke Dykstra damme in prachtige partij tsjin Sjoerd Jan Bakker. De omstanners genieten ek fan it spul. Dykstra spile sterk. Bakker ek. Se makken gjin flaters. Beide gyngen op nei in daam.  Bakker hie as earste ien, mar yn de folgjende streek stûn der ek in daam fan de oare kleur. Dykstra siet wat yn tiidkrapte. Dat briek him op. Hy koe in daam skowe yn de lange hoeke of op de rún. Yn beide gefallen sette er in pear houtsjes op slach. Hy keas foar it runeplak mei efternei fatale gefolgen. Hie er foar it oare plak keazen, dan wie it altiten kamp west.

Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 1 – 0; Ype Boelens – Dicky van der Meer 0 – 1; Paul Borghaerts – Hennie de Haan 1 – 0; Sjoerd Huitema – Bauke de Boer 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke Bos ½ - ½.

Cor Kooistra


Auteur

Redactie