Foar Frysk kampioen Jelle Wiersma is twa kear klapt

Scharnegoutum

Fansels binne de Stadige Strikers yn Skarnegoutum wakker grutsk, dat harren Jelle Wiersma no al foar de seisde kear kampioen Frysk spul wurden is. Moandeitejûn is der twa kear foar him klapt. De earste kear doe’t er noch net oanwêzich wie en twads doe’t er  de damseal ynstapte. Hy koe fierders fuort oan de bak. Tsjin Sjoerd Jan  Bakker.

Hoe’t it krekt om en ta gien is, wit de skriuwer net, mar wol dat de lûden dy’t út de oare hoeke kamen no net bepaald hearre lieten dat Bakker der goed foar stean soe. It duorre dan ek net sa hiel lang foar’t it spul út wie. Jelle hie wer frij maklik wûn. Sjoerd Jan kin it him oars noch wol ris dreech meitsje, mar diskear dus net. Mar ja wat wol je ek tsjin in man dy’t mei in hûndert persint skoare Frysk kampioen wurden is. Dan soene jo as tsjinstanner suver al benaud wurde om oan in partij te begjinnen.

Paul Borghaerts en Sjoerd Huitema hiene gjin lêst fan benaudens, doe’t se tsjin elkoar útein setten. Se spilen in moai spul, der waarden suver gjin flaters makke. Suver net, mar wol ientsje. Paul dy ferrekkene him in bytsje en kaam dêrtroch der wat minder op te stean. Sjoerd dy profitearre dêr fan en gie fierder sûnder mankeminten nei winst.

De beide degradinten Dicky van der Meer en Cor Kooistra spilen tsjin elkoar. It oar jier sitte se beide yn de tredde acht fan de persoanlike kampioenskippen. Se makken der in moai spul fan. It die al gau bliken dat Van der Meer der krekt even wat solider op stie. Kooistra koe noch wat needsetten dwaan, mar moast úteinlik genoegen nimme mei it ferlies.

Us nestor joech Willem Schaap goed en deeglik partij. De Boer hie de rún omheech slein en dat wie neffens de mannen net syn bêste set. Mar dat soe dochs oars komme. Hy koe him prima rêde mei de stân en Willem moast der echt foar sitten gean om gjin skea op te rinnen. Willem spile trouwens tagelyk ek noch tsjin Ype Boelens. Spitich dat Bauke de Boer doe in minne streek die, wêrtroch er syn hiele lange hoeke lam lei. Dy streek wie de ferliezer fan de partij en De Boer sels fansels.

Utslaggen: Paul Borghaerts – Sjoerd Huitema 0 – 1; Bauke Bos – Tineke Teigeler 1 – 0; Dicky van der Meer – Cor Kooistra 1 – 0; Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Willem Schaap – Ype Boelens 1 – 0.

 


Auteur

Sjoerd Stiensma (Eind)redacteur Sneeker Nieuwsblad