Jelle Wiersma op 'en nij damkampioen

Scharnegoutum

Jelle Wiersma op 'en nij kampioen Frysk damjen. By it persoanlik kampioenskip dat juster beslikke waard yn Skearnegoutum wie der neist dizze oerienkomst in grut ferskil mei ferline jier. Hie wiersma doe noch in barraazje nedich, no waard de Wommelser op 'e lêste dei kampioen sûnder ek mar in set spile te hawwen.

Uteinliks lei him dat oan Sjoerd Jan Bakker (Snits) en Foeke Tiemensma (Frjentsjer), dy't har yn in earder stadium út it kampioenskip weromlutsen hiene. Sa kamen der gatten yn it spylskema, en dat makke dat Wiersma sneontemoarn frij hie. De middeis soed er dan syn titel ferdigenje moatte tsjin Taeke Kooistra, dy't foar sneon wol in heal punt efterstân hie, mar dat mei in oerwinning hielendal goedmeitsje kinne soe.

Sa fier kaam it lykwols net. Kooistra ferlear de moarns alhiel ûnferwachte fan Henk Haanstra. De Aldegeaster hie in ferrifeljende daamset yn 'e stân flochten dy't Kooistra krekt even ferkeard ynskatte. En sa kaam it dat Wiersma by binnenkomst yn it Skearnegoutumer doarpshûs fuortdaliks de lokwinsken al yn ûntfangst nimme koe.  Likegoed liet er dêrnei sjen dat er yndied dit jier de bêste wie. Kooistra waard op 'en nij mei in daamset konfrontearre, dat de partij, dy't wat foarsichtich úteinset wie, wie yn ien klap út.

Dêrmei prolongearre Wiersma syn kampioenskip, dit jier ek sûnder puntferlies. Boppedat rûn er der ek noch ris fier út. De iennichste dy't him op papier noch benei komme kinnen hie, Marten Walinga fan Waaksens, helle út syn partijen tsjin Hein de Vries (Ljouwert) en Tsjerk Wijbenga (Arum) net mear as in heal punt. Dat makke dat Henk Haanstra úteinliks yn 'e einstân noch ferrassend twadde waard.

De kampioensklasse wurdt takom' jier oanfolle troch Siebe Walinga (Aldegea-SWF) en Pieter Hoogterp fan De Gaastmar. Beiden hiene al in moaie foarsprong opboud, en de ûnderlinge remize feroare dat net mear. Folle mear spanning wie der by de tredde acht. Koprinner Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) ferskiet op 'e lêste dei beide partijen, en waard sa foarbystribbe troch Bauke Dijkstra (De Tynje) en Liuwe Westra (Lollum).

Utslaggen en einstannen Kampioensklasse sechsde omloop: Taeke Kooistra (Hartwert) - Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0-1; Marten Walinga (Waaksens) - Hein de Vries (Ljouwert) 0,5-0,5. Sande omloop: Wiersma - Kooistra 1-0; Wijbenga - Walinga 1-0. Einstân (mei tusken heakjes beslissende wjerstânspunten): Wiersma 5; Haanstra 2,5 (4,75); Kooistra 2,5 (4); Walinga 2; De Vries 1,5 (3); Wijbenga 1,5 (2,75).

Twadde acht, sechsde omloop: Pieter Hoogterp (De Gaastmar) - Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0,5-0,5; Folkert Groenveld (Jutryp) - Kees Tijssen (Reduzum) 1-0; Cor Kooistra (Nijlân) - Willem Schaap (Dearsum) 0,5-0,5; Dicky van der Meer (Terherne) - Fedde Wiersma (Easterein) 0,5-0,5. Sande omloop: Walinga - Groenveld 0,5-0,5; Tijssen - Hoogterp 0,5-0,5; Wiersma - Kooistra 0-1; Schaap - Van der Meer 1-0. Einstân: Walinga 6; Hoogterp 5,5; Groenveld 4,5; Tijssen 3,5; Schaap 3; Wiersma 2 (6,75); Van der Meer 2 (4,75); Kooistra 1,5.

Tredde acht, sechsde omloop: Piet Sikma (Hartwert) - Bauke Dijkstra (De Tynje) 0-1; Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) - Ype Boelens (Menaam) 0-1; Siebren Dyk (Jorwert) - Liuwe Westra (Lollum) 0-1; Klaas Wiersma (Nijbeets) - Sjoerd Couperus (Snits) 0-1. Sande omloop: Dijkstra - Hoekstra 1-0; Boelens - Sikma 1-0; Couperus - Dyk 1-0; Westra - Wiersma 1-0. Einstân: Dijkstra 5,5; Westra 4 (14,5); Hoekstra 4 (13); Couperus 4 (10,5); Boelens 3,5; Wiersma 3; Dyk 2 (7,5); Sikma 2 (6).

 


Auteur

redactie