Strikers: In damjûn sûnder de froulju

SKEARNEGOUTUM

It liket der hast wol sa’n bytsje op, dat De Stadige Strikers de iennige damklup Frysk spul is dy’t ek froulju yn de kompetysje hat. Moandeitejûn wie it útsûnderlik, dat de beide Stryksters net  oanwêzich wiene yn Skearnegoutum. Dat kin soms sa treffe, mar wy hoopje dat se beide wer akte de presence jouwe.

Fan it suterige oantal dammers sa as wy dat ferline wike belibben, wie no gjin sprake fan. Alle manlju sieten efter in damboerd. Der spilen har ferskate partijen ôf: de iene wie in wissichheid fan wa it winne soe, wylst oare partijen in tige spannend ferrin sjen lieten. Ien fan dy spullen wie dat tusken Ype Boelens en Sjoerd Jan Bakker.

In moaie partij mei de wenstige opmerkingen fan de kant fan Bakker. Dat er oan de ein op ferlies stie, wie wol dúdlik. Ype dy moast it fansels wol goed dwaan en Bakker net in setsje gunne, wêr’t noch wat muzyk yn sitte koe. Jimme snappe it al. Dat barde wol. Ype liet him krekt wat te folle sjen fan syn goeie kant en liet Bakker ûntglûpe, sadat dy noch in daam helje koe. Dat betsjutte kamp.

Bauke Dykstra siet tsjinoer Sjoerd Huitema. De lêste hat hiel hurd oanleard. Dat hat Dykstra him mooglik net genôch realisearre. Yn it midden spul helle Huitema der in moaie slach út. Dêrnei koe Dykstra de bakker en de slachter wol ôf sizze. Hy hie gjin poat mear om op te stean.

Utslaggen: Bauke Dykstra – Sjoerd Huitema 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Bauke de Boer – Jelle Wiersma 0 – 1; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 – 1; Dicky van der Meer – Bauke Bos 1 – 0; Cor Kooistra – Paul Borghaerts 1 - 0

 


Auteur

redactie