Cor Kooistra maakt beste Friestalige stuk

Sneek

Cor Kooistra uit Nijland heeft als redacteur van dorpsblad 'It Nijslân' zoals bekend gisteren de eerste prijs ontvangen voor het beste Friestalige stuk dat gepubiceerd is in dorpsbladen. De prijs werd uitgereikt in het Gysbert Japicxhuis in Bolsward. Hieronder het prijswinnende artikel.

Tsjinslach en noch in meifallerke

De earste dampartij yn de nije kompetysje rûn foar my op hielendal neat út. It is net sa slim as jo der yn in moai spul ôffeegd wurde, mar dat is it wol as jo it ferlies hielendal oan josels te tankjen hawwe. Sa gie dat dus mei my en ik hie sûnder dat no sa bot merke te litten dy jûns ynwindich goed de smoar yn.

Gelokkich kin ik werom nei hûs noch moai efkes de holle leech fytse. It is krekt sa’n eintsje dêrfoar: fan Skearnegoutum nei Nijlân. Ik wie noch mar kwealik bûten it earstneamde doarp doe’t ik in ein op dyk lizzen seach. Yn earste ynstânsje fytste ik troch, mar dochs kearde ik om en fytste werom nei it ferkearsslachtoffer. Yn it tsjuster seach ik dat it in jerke wie en ik fielde dat in knap eintsje ein wie en dat er suver noch wat waarmte útstriele. Ik stie der noch wat mei dy ein yn ‘e hannen en wist earst net rjocht wat te dwaan: mei nimme of lizze litte. By eintsjebeslút stoppe ik de ein yn de fytstas, stapte wer op en fytste dochs wol foldien mei de fynst, dy’t no mei nei Nijân ta gie.

Thús helle ik it damboekje en sa út de oare tas en sette de fyts yn it hok. Oan de frou fertelde ik de wederwarichheden fan dy jûn: ferlies en in moaie deade jerke. De oare moarns fytste ik om in oere as tsien nei Snits. Gjin tel oan de ein tocht. Dy hie by syn libben ek net tinke kinne dat er dea noch sa’n reis meitsje soe. Mar sa ik sei: Ik wie dy hiele ein fergetten. By Ysbrechtum hearde ik ynienen kwêk, kwêk, kwêk. “Ferhip myn ein sit noch yn de fytstas, mar dy kin dochs net mear lûd jaan?” Nee dat koe net, mar ik seach noch wol efkes foar de wissichheid yn de fytstas. It kwêken wie fan in Ysbrechtumer ein.. It jerkje gong mei nei Snits en hy krige letter noch selskip fan in makriel en in stik tsiis.
Thús ha ik him strûpt en fierder ta makke. Ien nacht yn de pikel en de deis dêrnei die bliken dat it ein wie mei noch net sa’n soad fleanoeren. Hy wie nammentlik hearlik sêft en soppich, gjin taai triedsje fleis oan te finen. In echt meifallerke dus en dat ferlies bin ik hast wer fergetten.