It rint nei de ein mei de kompetysje

Scharnegoutum

Ferline wike wiene der 14 leden paraat by de Stadige Strikers. Hartstikkende gesellich. Moandeitejûn wie it ek gesellich, mar it sechje “hoe meer zielen hoe meer vreugd” hat dizze wike wol wer sjen litten dat dat noch altiten wier is. Op ien nei de lêste jûn en dan sit it damjen der wer op en kinne de houtsjes wer efter slot en skoattel. Moandeitejûn waard der fansels noch wol spile en hoe, mar it is te merken dat it nei de ein fan de kompetysje rint.

Tusken Bauke de Boer en Paul Borghaerts wie yn harren earste moeting net útmakke wa’t no de sterkste wie. Doe wie it resultaat remize. Moandeitejûn krigen de mannen wer de kâns om sjen te litten wa’t de bêste papieren hie. It soe in moai spul wurde, wêryn Paul der al gau wat better op kaam te stean. De Boer is fansels yn it damsâlt bebiten en joech him net sa mar ien twa trije oer. Se krigen beide in daam en Paul hie der noch in prachtich moai houtsje by. Dat houtsje stie sadanich dat De Boer koe mei syn daam gjin kant mear út. Altiten moast er dat houtsje slaan en fleach dan Paul syn habbige daam lyk yn de bek. Wynia koe it net hâlde tsjin Hennie de Haan. ,Ik bin finaal út damme!”, sa liet Wynia witte. Moarn noch mar even nei Blauhûs...... Dêr kin er dan Hennie mooglik ek wer treffe. Sa giet it mei dat damjen. Bauke Dykstra koe noch al in daam helje tsjin Sjoerd jan Bakker, mar wie dy ek fuort yn de folgjende set wer kwyt. Dêrmei wie it potsje ek út. Ype Boelens stie op winst tsjin Cor Kooistra. De lêste sjocht der neffens himsels neat mear fan. Dat die yn it einspul ek wol wer bliken mei as toppunt it fuort jaan fan trije houtsjes. Dan is it wol dúdlik dat hy der neat mear fan sjocht. Ype koe der net sa sear mei sitte. Hy soe net al te hurd ride nei syn hûs yn Menaam om mar hiel lang fan de oerwinning te genietsjen. Utslaggen: Rients Wynia – Hennie de Haan 0 – 1; Paul Borghaerts – Bauke de Boer 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 1 – 0.

Auteur

redactie