Gau efkes strike en dan op in draaf nei Hartwert

Scharnegoutum

Trije dammers út heechste klasse lieten ôfrûne moandei ferstek gean bij de Stadige Strikers yn Skearnegoutum. Ien fan harren wie sa ferkâlden, dat er it wite net fan it swarte hout ûnderskiede koe. De twadde hie in hiele wichtige gearkomste op syn wurk en de tredde siet yn Hartwert. Dy moast de earste partij yn de twakamp om it Frysk Kampioenskip tsjin Taeke Kooistra damje. Dat Jelle Wiersma dêr damje moast, hold oare dammers ek wol wat dwaande en dy sprutsen út dat se nei harren spul supporterje woene yn it Terphûs te Hartwert. Nei de lêste streken giene in oantal op in draaf nei Hartwert. Guon yn de auto en ien op de fyts.

Paul Borghaerts strykt mei in protte nocht by de Strikers en hy fynt dat er der ek in soad leart. Ja mei oare wurden: it docht fertuten. Sa pakte er ferline wike in betûfte dammer fan damklup De Rûge Wolf út Lollum yn. Paul is ein ek sa’n rûge wolf, mar woe graach yn Skearnegoutum mei dwaan oan de kompetysje. En soks kin fansels. Moandeitejûn joech Hennie de Haan him wat te min partij. It is mei dy froulju sa, as jo yn jo stikje harren in fear yn de broek stekke, dan bringe se der in wike letter neat fan op ‘e hispel. Sa gie Tineke Teigeler ek roemleas nei fan gychem tsjin Rients Wynia. Wat dat oanbelanget hiene Borghaerts en Wynia in maklik jûntsje. Bauke Bos rûn it op tsjin de nestor Bauke de Boer. It hoe en wat is de skriuwer ûntgien, mar binnen net al te folle tiid stiene de mannen al as taskôger te sjen nei de oare tafel. Oan dy tafel waarden ek net heechsteande partijen útspile. Willem Schaap sette in teoryfaltsje iepen foar Dicky van der Meer. In teory dy’t al beskreaun is yn it damboekje fan W. Ennema, útjûn foar de twadde wrâldoarloch. Dus in âlde teory, dy’t noch wol ris op  de buorden komt. Yn dy teory is it foar swart hiel ferliedlik om in houtsje op slach te setten. Dicky beseach it stantsje, tocht: “Der sil wol wat achter sitte!” Dochs die hy de streek en stiek dêrmei de kop yn in strûp dy’t Willem ûngenedich oanluts en Dicky bingelje liet. Cor Kooistra bingele net sa mar. Hy siet yn in prachtich spul tsjin Sjoerd Jan Bakker. Oan de ein fan it middenspul koe er lyk om lyk ôfruilje, mar hy miende dat er in bettere fariant yn petto hie. Dat bliek letter in fata morgana te wêzen. It like sa moai, mar hy hie net sjoen dat er nei in ûnder streek gjin frije set mear hie. Sjoerd Jan Bakker koe der net mei sitte. Hy hie de punt binnen en gnyske mar wat. It wie noch mar healwei tsienen en mannen gyngen rjochting Hartwert en dêr seagen se om healwei tolven Jelle fan Taeke winnen. Nije wike de twadde partij yn Skearnegoutum. Utslaggen: Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Willem Schaap – Dicky van der Meer 1 – 0; Hennie de Haan – Paul Borghaerts 0 – 1; Bauke Bos – Bauke de Boer 0 – 1; Rients Wynia – Tineke teigeler 1 – 0.  

Auteur

redactie