Strikers en Hartwert yn lykwicht

Scharnegoutum

Fansels moat der by sein wurde, dat de bank fan Hartwert ek sterk wie, mar likegoed beskôgen de Stadige Strikers de 6 – 6 as in moai resultaat. Nei de fernedering dy’t de spilers tsjin Nocht & Kriich oprûn hiene in wykmannich lyn, fielde dit suver as in oerwinning op harren sels.

De gasten kamen manmachtich it Skearnegoutumer Swettehûs yn rûgeljen. Mar leafst achttjin spilers. De Strikers koene dêr mar twa tredde part tsjinoer sette: tolve. Tsien manlju en twa froulju. It waard suver let foar’t der út ein set waard. Earst moast der noch wiidweidich it Fryslân Open oer eide wurde. De wrâldkampioen Frysk siet ek yn de seal: Taeke Kooistra. Oare sterke spilers op dat Open yn Frjentsjer krigen fansels ek efkes oandacht. As dan alle plichtplegingen dien binne, kinne de houtsjes ferskood wurde. Der ferskynden machtich moaie stannen op de buorden. Yn in tige sportive en gesellige sfear waard der djip neitocht. Us nestor kin ek djip neitinke, mar docht dêr oer it algemien net botte lang oer. Ek dizze jûn wie hy, Bauke de Boer, as earste út. Hy wûn tsjin Herman Scheltinga. Mei it beheljen fan dy earste punt, wisten de Strikers al dat se yn elts gefal  in hûndert persint bettere skoare behelje soene as tsjin Aldegea. Doe bleau de teller stean op in healtsje. No gyng it sa’n bytsje om en om mei de punten. Op in bepaald stuit wie it 2 – 2. Uteinlik stie it wylst der noch ien spul siet 5 – 6. Soe de Striker dat punt pakke, dan wie it in lyk spul. It waard in punt al moat der by sein wurde dat de klok in beslissende rol spile. Dat heart no ien kear ek by it spultsje. Seis om seis. De Strikers koene de moedfearren wer wat pronkje litte. Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Taeke Kooistra 1 – 0; Jelle Wiersma – Tsjerk Wijbenga 1 – 0; Willem Schaap – Fedde Wiersma ½ -- ¼; Bauke Dykstra – Jan Bouma 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Teake Kooistra ½ -- ½; Dicky van der Meer – Germ Bruinsma 1 – 0; Ype Boelens – Klaas Abma 0 – 1; Bauke de Boer – Herman Terwisscha van Scheltinga 1 – 0; Paul Borghaerts – Piet Sikma 1 – 0; Hennie de Haan – Lieuwe Eringa 0 – 1; Rients Wynia – Douwe Namminga 0 – 1; Tineke Teigeler – Siebe Elsinga 0 – 1. Einstân: 6 – 6.

Auteur

redactie