Barraazje FK damjen 13 en 20 maart

Snits

De barraazje om it Frysk kampioenskip damjen tusken Taeke Kooistra en Jelle Wiersma is fêststeld op 13 en 20 maart.

By it persoanlik kampioenskip Frysk damjen hellen Taeke Kooistra (Hartwert) en Jelle Wiersma (Wommels) likefolle punten. It reglemint skriuwt yn sa'n gefal foar dat der in barraazje holden wurde moat fan minimaal twa partijen. Yn oerlis mei de spilers binne de data dêrfoar no fêststeld op moandei 13 maart yn It Terphûs yn Hartwert en 20 maart yn It Swettehûs yn Skearnegoutum, yn beide gefallen kombinearre mei de klupjûnen fan de pleatslike damklups. De oanfang fan de barraazjepartijen is 19.30 oere.      

Auteur

redactie