Herre-Klaas Ykema jeugdkampioen

Oudega SWF

Herre-Klaas Ykema út De Gaastmar hat it jeugdkampioenskip frysk damjen wûn. Yn Aldegea waard hy earste foar Gonnie Schilstra úit Lollum en doarpsgenoat Feike Wiegersma.

By de pupillen hellen Wiebren Ykema út De Gaastmar en Liuwe Meint Postma út Waaksens beide 4 punten. Ze moasten noch in wedstryd spylje om út te meitsjen wa't it kampioenskip op syn namme skriuwe mocht. Dat wûn Wiebren. By de begjinners gioene de earste prizen nei Blauhûs. It kampioenskip wie foar Willem Kroon, in ambisjeuze jonge dammer út Blauhús mei 3 oerwinnings. It twadde plak wie foar doarspgenoat Ditmer Oppedijk.    

Auteur

redactie