Wynia fergriemt syn eigen spul

Sneek

Hy stûn der tige moai op, mar op de ien of oare wize die er in pear streken dy’t him yn de nederklits bedarje lieten. Rients Wynia sa no en dan hiel sterk en dan wer tige kwetsber. Ien fan dy kwetsbere jûnen hie er moandei by de Stadige Strikers yn Skearnegoutum. Hy fergriemde syn spul.

Hy moast it opnimme tsjin Hennie de Haan. Dan witte jo yn it foar wol dat it spannende partij wurde sil. Wynia begûn sterk en der wie ek hielendal neat oan de hân dat op ferlies wize soe. Dochs krige er yn syn koarte hoeke in wat wibelich stantsje. Der soe neat gjin slims út fuort komme kinne, sa lang hy der mar ôfbliuwe soe. Soe er al in houtsje yn dy hoeke ferstrike dan wie er ferkâlden. Hennie hie in oanfallende faltsje klear stean. Wynia hân gie rjochting de houtsjes en dy bleau dêr in hiel tiid boppe sweven. It omsittend laach mar yn harsels sizze: “Man bliuw fan dat hout ôf!” Dy tinzen koe Wynia fansels net lêze en hy ferskode in hout. Hennie sloech fuortendaliks ta en koe opskowe nei de daamline.Har tsjinstanner krige ek in daam. Koe der net safolle mei, foaral net doe’t er himsels mei dy daam op slot sette. Nei noch in pear streken en de partij wie út. Hennie koe wer in punt byskriuwe. It wie foar Dicky van der Meer mar in heale punt, mar hy hat der fêst wakker wiis mei west. In heale punt is net folle sil men tinke, mar dat leit oars. Dizze heale punt pakte er fan Sjoerd Jan Bakker en dy stekt op dit stuit yn bloedfoarm. Dan kinne jo gerêst bliid wêze mei in healtsje. Utslaggen: Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1; Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker ½ -- ½; Rients Wynia – Hennie de Haan 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Dykstra ½ -- ½; Frysk: Willem Schaap – Ype Boelens 1 – 0.

Auteur

redactie