Op Triljende Skonken spilet 'Wat in gekke man...'

Oosthem

Toanielferiening "Op Triljende Skonken"  fan Easthim spilet  freed 27 en sneon 28 jannewaris om 19.45 oere yn It Himsterhûs is stik  "Wat in gekke man...en syn frou dan?" fan Alan Ayckbourn. De Fryske oersetting is fan Baukje Stavinga. De rezjy is yn hannen fan Sylvia Beintema.

It stik spilet him ôf yn trije jier, op trije krystjûnen, yn trije ferskillende keukens, by trije stellen thús. Earste krystjûn binne wy by Sidney en Jane Hopcroft, in jong stel. Hy is drok dwaande om in eigen bedriuw op te bouwen. De bankdirekteur Ronald Brewster-Wright en syn frou Marion binne ûtnûge foar in krystborrel. Ek Geoffrey en Eva Jackson komme op dizze krystjûn lâns en Dick en Lottie. Geoffrey is arsjitekt fan berop. Ronald en Geoffrey binne beide ynfloedrike gasten en dat is foar Sidney en Jane hiel wichtich en spannend. It twadde bedriuw spilet yn de keuken fan Geoffrey en Eva. It tredde bedriuw komme se op krystjûn op besite en dan by Ronald en Marion. Hâlde se it gesellich  sa mei inoar of.......We sille it sjen...        

Auteur

redactie