Bliid wêze mei wa’t der is

Scharnegoutum

De twadde fan jannewaris is sa’n dei, dat der in grutte kâns yn sit dat der net safolle dammers akte de présance jaan sille. Dat witte jo wol trochdat it altiten sa is as de earste moandei sa betiid yn it nije jier falt. De Stadige Strikers wienen yn Skearnegoutum  dus net manmachtich opsetten kommen. Dat kin ek net, want sa man - en froumachtich binne se net mear. Mar it bestjoer yn folle sterkte oanwêzich wie bliid mei dejingen dy’t der wol wienen.

No wit de skriuwer net rjocht hoe’t de wedstriid tusken Bauke de Boer en Rients Wynia krekt ferrûn is, mar neffens de ferhalen fan de earste wie er sa min dat er wol mei it damjen ophâlde koe. Dat is eins net te begripen fan in man dy’t yn spullen fan oaren faak de moaiste slaggen sjocht. De lêzer sil begripe dat De Boer ferlern hat. No moat men Wynia fansels ek net útpoetse. Ien neidiel hat er: Hy hat sa’n bulte tiid nedich. Boppedat oerkomt it him noch wol ris dat er de klok ferjit yn te drukken. Dy beide saken byinoar jouwe dat er faak yn tiidneed komt te sitten. De earste moandei fan it nije jier dus net en hy koe mei nocht in puntsje op syn listke byskriuwe. Nei dy partij wûn er ek noch de fiif tsjin fiif fariant ek tsjin De Boer. It begjin foar De man út Boalsert koe net better. Tineke Teigeler gie goed útein tsjin Bauke Bos, mar yn it middenspul ferspile se in houtsje. Dat kinne jo better net dwaan tsjin in man yn foarm. Bauke skodedêrnei mei fêste hân nei de winst. Dat die Jelle Wiersma ek. Hy siet tsjin syn âlde learmaster Cor Kooistra. En dy joech hy in leske yn sober, mar deeglik spul. Dêrby foel er de lange hoeke fan Kooistra mei in protte houtoerwicht oan. En dat brocht him sukses. Foar Kooistra wie der gjin ferwin op. Hy spinpoate noch wol wat tsjin, mar dêr bleau it by. It spul tusken Bauke Dykstra en Ype Boelens like in moai en yngewikkeld spul te wurden. Like, want Ype seach wat oer de kop en kaam in houtsje efter. Dochs siet er foar him noch wol wat muzyk yn. Mar hy koe net de rjochte noaten fine om dat partijtsje te blazen. Ja en dan is der allinne noch it paad dat nei it ferlies liedt. Spitich. Dykstra siet hiel krap yn de tiid en as Ype noch twa offere hie, hie er frij nei daam strike kinnen en koe der tsjin it hiele soadsje fan Bauke oanplakke kinnen. Dan hie it foar de lettere winner noch klauwen wurden.. Utslaggen: Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1; Bauke de Boer – Rients Wynia 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1; Bauke Dykstra – Ype Boelens 1 – 0; 5 tsjin 5: Rients Wynia – Bauke de Boer 1 – 0.

Auteur

redactie