Wiersma Stryk Ta toernoai

SKEARNEGOUTUM

 Freedtejûn 23 desimber hiene de Stadige Strikers harren Wiersma Stryk Ta toernoai. Der wiene 27 dammers en dat wie in moai oantal, sa flak foar de Kryst.

De foarsitter wie de lêste tiid wat frekkerich en woe de lêste tiid mei damjen op freedtejûn neat fan dwaan hawwe. Sadwaande wie de organisaasje yn hannen fan beide oare bestjoersleden. Moai wie dat der ek wer in tal dammers fan it Hollânske spul fan de partij wiene en inkelde fan harren hiene ek noch in priis, lekkere oranjekoeken út Blauhûs. Der waard fûl damd en yn de beide eare klassegroepen en de tredde klasse wie it nedich om in baraazje te spyljen omdat de partijen lyk einigen en it SB-systeem gjin útslach joech. Teake Kooistra en Foeke Tiemensma wûnen yn beide heechste groepen, mar ha noch net damd om de wikselpriis, dus dit moat noch. Troch dit alles waard it knap let en wie it tsjin healwei ienen foardat de prizen útrikt waarden. Mar de sfear wie der net minder om, want it wie in gesellige jûn mei in sprotive dammerij. Utslaggen: Eareklasse: groep I. 1 Teake Kooistra Hartwert. 2 Folkert Groenveld Jutryp. groep II 1 Foeke Tiemensma Frjentsjer. 2. Jelle Wiersma Wommels. Haadkl. A 1 Klaas Wiersma Nijbeets. 2 Sjoerd Teake Kooistra Hartwert. Haadklasse B 1 Jesse Boschma Hartwert. 2 Sjouke de Boer Hartwert Earste klasse: 1 Herman Terwisscha van Scheltinga Nijlân. 2 Piet Sikma  Hartwert Twadde klasse: 1 Lolke Huitema Tersoal. 2 Auke Koopmans Skearnegoutum Tredde klasse: 1 Sjoerd Huitema Snits. 2 Hennie de Haan Snits.

Auteur

Redactie