De klok wie ûnferbidlik

SKEARNEGOUTUM

Ofrûne moandeitejûn waard der wer in partij ferspile foar de Fryslân Kup. Tsjerk Wybenga, in hiele goede dammer fan de Hartwerter klup, kaam yn it hol fan de liuw. Hy moast it opnimme tsjin nimmen minder as Jelle Wiersma. It soe in in prachtige striid wurde, mar úteinlik wie de klok ûnferbidlik.

De mannen sieten deun ûnder de krystbeam, mar wy tinke net dat se har ek mar in tel bekroade ha oer dy moaie beam. Wat stie dy moai syn ljochtsjes út te strielen. Gjin rare bûnte mingelmoes nee moaie wite en grize tinten. De beide mannen ha it nei alle gedachten net acht slein. Sy hiene alle oandacht nedich foar it spul. Se joegen elkoar gjin sintimeter ta, by wize fan sprekken. It gie op it skerpst fan de sneed. Op it boerd wol te ferstean. De mûnlinge kommunikaasje wie sa gesellich en sportyf as it mar koe. Oan de ein fan de it hie Tsjerk noch twa houtsjes en Jelle ien. De lêste skode daam en dat die Tsjerk ek. It twadde houtsje koe er der net mear troch krije en sa einige de partij yn kamp. It reglemint fan de Kup skriuwt foar dat der by kamp noch in partijtsje Frysk spile wurde moat. Dat is fiif tsjin fiif. Dat gie der ek om. Op in bepaalde stuit stienen der by Jelle noch twa en in heale minút op ‘e klok en by Tsjerk noch fiif. Doe tocht de lêste in hiel skoft nei. Te lang. It spul like wer op kamp út te draaien, mar doe ynienen wie it út: de flagge foel. De klok wie ûnferbidlik foar Tsjerk. Hie dy rot klok net meiteld dan hiene se noch kear moatten, mar no lei hy der út en giet Jelle nei de tredde omloop. Bauke de Boer naam it allinne op tsjin twa froulju: Hennie de Haan en Tineke Teigeler. Twa potsjes Frysk. Wat is dat in moai spultsje trouwens. Ek foar lju dy’t mei it damjen Frysk spul begjinne wolle. It is moai oersichtlik. Dat fûn De Boer nei alle gedachten ek. Earst reage er Tineke fan it boerd en op dat momint stie it der foar Hennie ek al net al te florissant mear op. Nee mei har kaam it ek net klear. De Boer hie har gewoan hielendal yn de skjirre. Der wie foar Hennie gjin salve mear oan te striken. Sadwaande fandele ús nestor der wer wat puntsjes by. Utslaggen: Rients Wynia – Bauke Bos 0 – 1; Willem Schaap – Ype Boelens 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0,5 – 0,5. Fiif tsjin fiif. Bauke de Boer - Hennie de Haan 1 - 0. Tineke Teigeler - Bauke de Boer 0 - 1. Fryslân Kup Tsjerk Wybenga – Jelle Wiersma 0,5 – 0,5. Fiif tsjin fiif. 0 – 1.

Auteur

Redactie