Dûbel feest pjutteboartersplak Folsgeare

Folsgare

Dûbel feest hjoed yn Folsgeare; pjutteboartersplak De Gearrinhummels fan Stifting Pjut hat it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ op ‘e nij behelle en sy fierden dat sy in jier gearwurkje mei de beukers fan CBS De Gearrin. Yn dat ramt fersoarge Jorrit Pruiksma in amer-drum-workshop foar alle bern.

Oan ‘e ein fan de moarn waard it nije sertifikaat oan liedster Anja fan de pjutten en juf Doutzen fan de beukers oerlange, troch mefrou Hennie Westra, beliedsamtner fan de gemeente Súdwest Fryslân. It pjutteboartersplak wie foarhinne húsfêste yn de basisskoalle fan Easthim. Doe’t dy skoalle slute moast, binne de pjutten ferhuze nei CBS De Gearrin, yn Folsgeare. Yn in saneamde ‘peuter-kleuterpilot’ is in gearwurking mei de groepen 1 en 2 úteinset. Dizze gearwurking hâldt yn de praktyk yn dat de pjutten en de beukers op moandeis en tiisdeis yn deselde romte ûntfongen wurde. Op dizze moarntiden wurde geregeld mienskiplike aktiviteiten dien, wêrby’t it Frysk en it Nederlânsk beide oan bar komme. Dizze pilot soarget foar in natuerlike oergong fan pjut nei beuker, wat de trochgeande ûntwikkelingsline fan de bern te goede komt. Alle partijen: CBS De Gearrin, pjutteboartersplak De Gearrinhummels, mar yn it foarste plak de âlden, binne tige optein oer dizze ‘peuter-kleuterpilot’. Fan’t hjerst hat der in fisitaasjekommisje fan Stifting Frysktalige Berne-opfang op it boartersplak west, om it twatalich wurkjen te beoardieljen. De kommisje skriuwt yn har ferslach it folgjende: ‘It pedagogysk taalklimaat fan De Gearrinhummels foldocht oan de easken foar wersertifisearring. De liedster en de juf biede op in natuerlike wize taal, feiligens, struktuer en útdaging oan, mei ferhaaltsjes, ferskes of spultsjes.’ En: ‘Prachtich om te sjen hoe’t bern yn ‘e leeftiid fan 2 oant ‘e mei 6 jier fan mekoar leare kinne. Foar sawol de pjutten as de beukers ferrint de moarn hiel natuerlik; in gefolch fan it feit dat Anja en Doutzen goed op mekoar ynspile binne en faak net iens in heal wurd nedich ha om inoar te begripen.

Auteur

redactie