Fjouwer ôfmeldings soargen foar in lyts ploechje

Scharnegoutum

As der fjouwer fan de trettjin net binne, bliuwe der mar njoggen spilers oer. Dat wie net sa folle en it kaam ek net sa goed út, omdat guon krekt tsjin elkoar spile hienen. Gelokkich joegen ús oare ôfspraken oer dizze kompetysje wat ljocht yn it tsjuster.

Dy ôfspraken giene oer it spultsje Frysk. Wy ha besletten om yn elts gefal ien spultsje fan dizze nijsgjirrige fariant yn de kompetysje op te nimmen. De útslach jildt like folle as in gewoane partij. Der waarden moandeitejûn trije spullen Frysk ferspile en twa gewoanen. Om mar by dy gewoanen te begjinnen, pakke wy Rients Wynia earst by de kop. Hy siet te damjen tsjin Tineke Teigeler. Tineke hat it op dit stuit wat dreech mei it damjen. Se is entûsjast genôch, dêr leit it net oan. Op de iene  oare wize kin se har goeie spul sa mar troch in streek of in pear streken yn de nederklits strike. Dat barde ek tsjin Wynia. Dizze man hie wat dat oanbelanget in maklike jûn. Ype Boelens like in drege jûn mei te meitsjen. Hy stûn nei in pear streken tsjin Cor Kooistra sa mar in houtsje achter. Mar dy drege jûn krige er net. Nee dy wie mear foar syn tsjinstanner. Dy woe mei alle geweld dat houtsje foar behâlde. Dat slagge ek aardich oant it momint dat er of achter kaam of syn houtsje opofferje moast. Dat lêste barde. Doe ferskynde der in ynteressant einspul op it boerd. Yn wêzen die Boelens in ferkearde ôfruil en koe Kooistra dochs noch maklik winne. Mei it spul Frysk hie Bauke Bos aardich sukses. Hy fersloechHennie de Haan en spile tagelyk remize tsjin Bauke de Boer. Sjoerd Jan Bakker naam it op tsjin Willem Schaap mei elk in healoere op de klok. Bakker is altiten sterk yn it einspul. Willem is fansels ek net sa snotterich yn dat spultsje. It like lyk op te gean, mar Willem pakte wol de folle punt. Utslaggen Rients Wynia – Tineke Teigeler 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens 1 – 0; Frysk: Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0; Bauke Bos – Bauke de Boer ½ - ½; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0.

Auteur

redactie