In fjouwerslach twa kear oer de kop sjen

Sneek

It is hast ûnmooglik soe men sizze en dochs prestearren de Stadige Strikers it. Sa wol yn de heechste as yn de leechste groep waard der in fjouwerslach oer de kop sjoen. De lêzer wol fansels graach witte wa’t dy Strikers binne. Dat hâlde wy moai ûnder de pet, want de bewuste spilers hiene it der sels al dreech genôch mei en wy hoege net mear wat sâlt yn de iepen wûnen te struien.

Jelle Wiersma hat syn earste heal puntsje ynlevere. Yn in moaie partij hold Sjoerd Jan Bakker him op kamp. Yn de analyze thús seach Jelle dat er dochs winne kinnen hie. Dat liet er de wedstriiddammers de jûns dêrnei yn Jorwert sjen. Mar ja efternei sjocht men de ko yn de kont en dêr hat Bakker no gjin boadskip mear oan. Hy fytste mei in hearlik gefoel nei Snits mei it heale puntsje yn de kontbûse. Hy wie der wer: Rients Wynia. Ja ferline wike makke er ek diel út fan de Strikers, mar doe wie der noch lang net de âlde. Moandei kaam der in fittere Wynia achter it boerd te sitten. Tsjinoer him siet Hennie de Haan. Meastal is der tusken dizze twa foldwaande striid op it boerd. No like it ek wer in hiel aardige konfrontaasje te wurden. Mar op de ien of oare manier rekke Hennie dochs yn de nederklits. By eintsjebeslút koe Wynia eins net mear ferlieze of hy soe wol in hiele grutte flater meitsje moatte. Dat hie op dizze jûn fansels sa mar kinnen. Gelokkich foar him makke er op in berekkene wize dien wurk. Utslaggen: Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Cor Kooistra – Willem Schaap 0 – 1; Doicky van der Meer – Bauke Dykstra 0 – 1; Hennie de Haan – Rients Wynia 0 – 1; Tsjerk Wiersma – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Tineke Teigeler 1 – 0.

Auteur

redactie