Ik ferskyt him sa mar ik kin ek wol ophâlde

Sneek

Doe’t goed trije wike lyn de útnûgingen foar it nije damseizoen rûnbrocht waarden by de Stadige Strikers yn Skearnegoutum, wie de man noch út de skroeven. Hy hie der bot sinne oan om wer mei de houtsjes dwaande te wêzen. Moandeitejûn woe er der sa mar mei ophâlde, omdat er de partij ferskiten hie. Sa entûsjast earst en no de brui der oan jaan, dat kin fansels net.

It sil ek wol wat meifalle mei Tsjerk. Hy bleau yn elk gefal noch moai lang sitten om nei it spektakel fan Wynia en Bos te sjen. Dat wie yndied in spektakel! In hiele moaie partij. Yn it middenspul wie der noch net folle fan te sizzen wa oan it langste ein lûke soe. In oantal streken letter stie it der krekt efkes better op foar Bauke Bos. Dy stie oer de hiele liny krekt wat foarliker as syn tsjinstanner. Boppedat kaam Wynia as earste oan en moast doe offerje. Dat joech him fierders ek gjin sier. Nee, mar neffens Tsjerk, hie der folle earder ôfruilje moatten en dan hied er mooglik winne of kamp spylje kinnen. Mar dat is neipraat fansels. Wynia ferlear en dat wie in moaie opstekker foar Bauke. Sjoerd jan Bakker wie wer krekt werom fan syn Spaanske trainingswike. Doe’t er yn Snits yn de bus stapte kaam fuort it damboerd op  ‘e skurte. Hy spile kontinu de iepening nei de oare. Goed en wol yn Spanje hied er der noch net genôch fan en woe it appartemint hast net út: hy woe damme. Hoe’t dat fierders ferrûn is wit de skriuwer net, mar rekkenje mar dat hy noch mannich oerke mei de houtsjes ompielde. Tsjin sa’n trainde man moast Ype Boelens it opnimme. En wat elk al tocht hie barde: Sjoerd Jan pakte syn earste punt. In Spaanske punt sille wy mar sizze. Utslaggen: Rients Wynia – Bauke Bos 0 – 1; Hennie de Haan – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Bauke de Boer – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Dykstra – Willem Schaap 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra -  Dicky van der Meer 1 – 0.

Auteur

redactie