Nij sertifikaat twataligens Protternêst

Sneek

ÛS Pjutteboartersplak It Protternêst fan Blauhûs is op ‘e nij trije jier lang “pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling”.

Op it Protternêst sjocht it twatalich wurkjen der as folget út: liedster Willy Witteveen en har fêste frijwillichsters prate konsekwint Frysk. Sy wurkje mei 2 poppen, Tomke en Puk. Ek dizze poppen hawwe har fêste taal: Tomke praat Frysk en Puk praat Nederlânsk. Koartlyn hat der in saneamde fisitaasjekommisje fan Stifting Frysktalige Berne-opfang op it pjutteboartersplak west. Sy hawwe besjoen oft der op It Protternêst noch altyd wurke wurdt neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied. De kommisje skriuwt yn har rapport: ,,De liedsters beskikke oer in soad taalfeardigens. Se kinne goed harkje nei de bern, en petearkes hâlde dêr ’t de bern goed by neitinke moatte; sy witte gebrûk te meitsjen fan geskikte materialen, kinne prachtich fertelle, boartsje en sjonge mei de bern.” En: “Ik ha sjen kinnen dat de liedsters it keazen taalbelied prima útfiere. De bern meie bliid wêze mei sa’n moai plakje. De liedsters dogge entûsjast harren wurk, ha each foar elk bern en kinne hast elke situaasje brûkeom de taalûntjouwing fan de bern te stimulearjen.”  

Auteur

redactie