Moskeflap De Hommerts op ‘e nij sertifisearre

Sneek

Pjutteboartersplak “De Moskeflap” op ‘e Hommerts is op ‘e nij sertifisearre as “pjutteboartersplak  foar meartalige ûntwikkeling”

  Pjutteboartersplak De Moskeflap op De Hommerts wurket sûnt 2007 mei in twatalich taalbelied. Yn it ferline hawwe sy dêr it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ foar behelle. Dat hâldt yn dat sy neffens in tal rjochtlinen wurkje en de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern stimulearje. Bern dy’t fan jongs ôf twatalich opgroeie, leare letter bygelyks makliker nije, frjemde talen. Boppedat kin it letter yn it wurk hiel handich wêze dat jo neist Nederlânsk ek goed Frysk prate kinne.   In foarbyld fan dat lêste is liedster Petrie van Stralen-Akkermans fan De Moskeflap. Sy hat harsels it Frysk oanleard en brûkt dy taal omraak yn it wurk. Op it pjutteboartersplak praat sy konsekwint Frysk tsjin alle bern. Sa leare Nederlânsktalige en oarstalige bern boartsjendewei it Frysk derby. It Nederlânsk kriget ek in plak, troch it oanbod fan ferskes en ferhaaltsjes. De liedster wurdt alle moarnskoften bystien troch in frijwillichster, guon fan har binne Frysktalich, oaren Nederlânsktalich. Foar de bern is dat hiel gewoan. Troch it taalbelied op De Moskefalp krije se de kâns om de talen goed oan te learen.   Koartlyn hat der in saneamde fisitaasjekommisje fan Stifting Frysktalige Berne-opfang op it pjutteboartersplak west. Sy hawwe besjoen oft der op De Moskeflap noch altyd wurke wurdt neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied. Dêrby wurdt ûnder oare sjoen nei it pedagogysk taalklimaat. De kommisje skriuwt it folgjende: De liedster bliuwt dúdlik net stil stean en soarget foar nije útdagings foar de bern. Se boartsje graach mei de bern mei en op sokke mominten wurde der troch harren nije ideeën oandroegen. Se leare de bern nije begripen en wurdsjes faak oan ‘e hân fan it tematysk wurkjen. It is goed om te sjen dat Petrie en har frijwillichster hiel goed op elkoar ynspile binne en noch hieltyd wurkje oan it ferbetterjen fan harren pjutteboartersplak.   De kommisje is deroer te sprekken dat liedster, bestjoer en frijwillichsters achter it taalbelied steane en dit ek útdrage. Haaddoel is dat se besykje wolle om it taalbelied sa as dat no is, sa goed mooglik te boargjen en te kontinuearjen. De pjutten op ‘e Hommerts kinne yn elts gefal genietsje fan in pjutteboartersplak mei in goed taalbelied, in útdaagjende taalomjouwing en in prima pedagogysk klimaat.   De kommisje konkludearret dat De Moskeflap har op ‘e nij trije jier lang “pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling” neame mei.

Auteur

redactie