Finale Fryslânkup Frysk damjen yn Blauhús

Blauhús

ÚS Jelle Wiersma en Teake Kooistra sille freed om 20.00 oere stride om de Fryslânkup Frysk damjen bij de Skyfkes yn Blauhús.

26 dammers út Fryslân hiene har opjûn en kamen yn de koker. Elke moanne waard der lotte en spile de earstneamde spiler de wedstriid op de eigen klubjûn. De beide finalisten binne betoefde dammers. Jelle Wiersma is yn maart winner fan it Grutmastertoernooi en Wraldkampioen Frysk (5x5) wurden. Teake Kooistra wie op beide toernooien twadde en is yn febrewaris foar de 18e kear Frysk Kampioen damjen wurden. Beide dammers wolle dizze 1e Fryslânkup fansels graach bijskriuwe op harren erelist. Al mei al sil it in mooie striid wurde yn Clubhús Siesa fan Blauhús dy't ombouwt wurd ta damarena. Ek sil dizze jûn ’t kampioenskip foar froulju spile wurde.

Auteur

Joshi Kuiper