Strikers de mûs en Nocht en Kriich de kat

Sneek

De wedstriid tusken de Strikers en Nocht en kriich wie dus in potsje kat en mûs. Faak binne mûzen noch superfluch om út de klauwen fan poes te bliuwen. Dat wie moandeitejûn net it gefal. Sy rûnen as it wiere de kat sa de bek yn.

De Aldegeasters fregen harren al ôf, hoe’t it mooglik west hie dat harren tsjinstanners klupkampioen wurden wiene. Ja damjen is in o sa raar spultsje. Soms rint it oan alle kanten mei en in oare kear sit it oan alle einen tsjin. De gesellichheid fergoede in soad. Likegoed kamen der ek noch in oantal hiele moaie spullen op it boerd. Sjoerd Jan Bakker siet it alderlangste te skowen. Syn opponint Siebe Walinga ferbrûkte in hiel soad tiid en kaam der hiel krap yn te sitten. Te min tiid eins foar in prachtich einspul. Elkenien stieder omhinne. Siebe tocht noch yn in wanhoopspoging kamp te meitsje, mar dat slagge net. As der net ien fouten makke hie, wie de einstân fêst gelyk einige, mar dat wie net sa. De stân wie mar leafst 3,5 – 8,5. Dúdlike sifers. Persoanlike resultaten: Jelle Wiersma            -  Henk Haanstra        1 – 0 Sjoerd J. Bakker          - Rein Jan Walinga     1 – 0 Cor Kooistra               - Folkert Groenveld    0 – 1 Willem Schaap           - Sjoerd Couperus       0 – 1 Ype Boelens                - Willem Hoekstra      1 – 0 Bauke Bos                   - Rein Jan Walinga     0 – 1 Bauke de Boer                       - Johannes Hoekstra   0 – 1 Hennie de Haan         - Folkert Attema          0 – 1 Rients Wynia              - Beke Haanstra         0 – 1 Tsjerk Wiersma          - Meike van der Meer           0 – 1 Tineke Teigeler          - Durk Rypma 0 – 1 Marjolijn Bakker        - Sietse de Jong          0 – 1

Auteur

redactie