Bosk&Loftspul yn Aldemardum

Oudemirdum

Toanielferiening Snypsnaren út Aldemardum komt dit jier, ûnder lieding fan regisseur Romke Gabe Draaijer, yn maaie mei in iepenloftspul. Net samar in iepenloftspul, mar in ‘Bosk&Loftspul’.

Donkere grize wolken hingje boppe Gaasterlân. It wurdt donkerder en donkerder. Der moat in nije keninginne of kening komme om Gaasterlân wer op ’e rit te krijen. Johanneke Gaaikema is de grutte kânshawwer. Se seit de ynwenners fan Gaasterlân romte, wurk, jild, leafde en lok ta. Mar hoe betrouber is se? En dan Jan van Swinderen, de ‘God fan Gaasterlân’, wat docht hy? Kin hy de krêft fine om nei it festjerren fan syn frou de kop derby te hâlden? ‘Reboelje yn Gaasterlân’ is in histoaryske fabelachtige foarstelling oer eangst en leafde. Litte we ús liede troch de eangstmaatskippij fan tsjintwurdich, of omearmje we de leafde en brûke we dy as wapen? Alde ferhalen en histoaryske figueren komme ta libben en litte ús sjen nei it Gaasterlân (en de wrâld) fan no. Yn dizze foarstelling, dêr’t libbensgrutte poppen yn meispylje, komme minsk en bist byinoar. In oade oan de ferbyldingskrêft en de skientme fan Gaasterlân. De foarstelling spillet fan 26 maaie oant en mei 4 juny 2016. De kaartferkeap begjint op tongersdei 21 april 2016. Foar mear ynformaasje: www.snypsnaren.nl

Auteur

Joshi Kuiper